-18- De hear S. Bouma seit dat yn de plannen dochs it parkearen in sintrale rol spilet. Sjoen it útstel om earne oars ferfangjende parkeargelegenheid te realisearjen giet syn fraksje dêrnei akkoart Der binne 3 plannen. De wurkgroep hat keazen foar model I en syn fraksje is it der mei iens. It fernuvert him wol dat der dochs noch beswieren binne fan minsken dy't yn prinsipe earder al meipraat kind hiene. Der is in brief fan'e jeugdherberch kommen wêryn frege wurdt om mear parkearplakken. Hy wol der by it kolleezje op oantrune om te sykjen nei in oplossing sadat de jeugdherberch oer in pear fêste plakken beskikke kin. Dan is der in brief fan'e omwenners. Der moat in goede ferwizing fan te foaren nei de parkearplakken komme. Dan kinne problemen tefoaren kommen wurde. Ek de kadebewenners en de bedriuwen hawwe in brief oer dizze selde problematyk skreaun. De GWHI jout stipe oan'e wurkgroep en docht de oanbefelling om de trochbraak tusken It Kofskip en De Treemter fisueel smeller te meitsjen sadat dêr net ynriden wurde kin. Hy wol dy oanbefelling net oernimme want dêrtroch soene nochris 6 parkearplakken ferlern gean. Der kin better troch de niis- neamde ferwizingsboerden foar soarge wurde dat de minsken nei de goede plakken ta ride. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel. De foarsitter hat wolris sprutsen fan it "plein fan ik" en dat makket, sjoen alle brieven noch hyltiten opgong. Mar dochs sil it algemien belang boppe it yndividuele belang gean moatte. De hear Breeuwsma seit dat it him ek fernuvert dat der no noch sa'n steapel brieven leit oer dit plan wylst der hiel wiidweidich omtinken jûn is oan'e ynspraak. As it útstel neist alle brieven lein wurdt is der noch gjin sprake fan ienriedichheid. It is wol tige wichtich dat der in gelyk tinken is. As der beswier makke wurdt kin dat wolris hiel lang duorje. Hy tinkt dêrom dat it útstel der net trochdrukt wurde moat. Hy wol graach witte hoe djoer it plan wurde sil. It is absurd dat der praten wurdt oer 8 ton wylst der mar in ton beskikber steld is. Hy fynt dat de werynr jochting betelle wurde moat út'e doarpsfernijing. In oare mooglikheid is der neffens him net of de ûnroerend guod belesting moat wer omheech. Syn fraksje sprekt model I it measte oan mar dan wol yn in sterk ferienfâldige ferzje. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wol tefreden is mei it ynrjochtingsútstel. It wie fan te foaren bekind dat it nea ta in ideaal gehiel foar eltsenien komme soe. It moat yn ditsoarte saken altiten ta in kompromis komme. It parkearfraachstik wurdt mei de ynrjochting fan It Grien net oplost. Dêrom is it ek ferstannich yn earste ynstânsje in oplossing te sykjen foar it parkearen. Hy fynt dat de suggestjes dy't oandrûgen binne ek meinommen wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 56