-22- By it meitsjen fan in kar wurdt allinne mar sein dat it prima is dat op dy wize op dy lokaasje de planologyske tarieding útein giet los fan it feit dat de sanitêre foarsjennings ek definityf op dy lokaasje situearre wêze sil. Yn dy sin giet syn fraksje graach akkoart mei it útstel. De hear SBouma seit dat syn fraksje ek akkoart giet mei it útstel. Hy kin him fine yn'e lokaasjes dy't neamd binne. Dizze lokaasjes binne folie better as yn earste ynstânsje doe't tocht waard oan in driuwende akkommodaas je. Hy tinkt dat dizze lokaasjes mear rjocht dogge oan it oansicht fan Grou en planologysk ek minder beswieren oproppe sille. No nochris de âlde rommel om'e hoeke by de Blikpôle opromje en Grou is aardich op wei in rekreaasjedoarp mei allure te wurden. De hear Breeuwsma tinkt dat it yn'e ôfdieling alles al goed bepraten is. Dizze kar is echt de beste en hy hopet dan ek dat it gau ta útfiering komme kin. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje bliid is mei dit útstel. Benammen de lokaasjes dy't no fûn binne binne op himsels in gouden fynst. Der kinne sa in protte problemen oplost wurde. Hy fynt it wol fan belang oangeande it toiletgebou oan'e Marswei goed te ynformearjen nei eventuele beswieren fan omwenjenden. De voorzitter zegt dat voor zover hij weet bij de ter inzageligging geen bezwaren zijn ingediend. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Aigeropg Pienst i991tverfraaiing schoolplein "It Raerderhiem" te Raerd. Frou Veldstra seit dat de pleinkommisje in plan makke hat foar in multifunksjoneel plein dêr't ek bûten skoaltiid gebrûk fan makke wurde kin. Dit om de jongerein út it doarp fan'e dyk te hâlden en om sa fernielings tefoaren te kommen. It plein is der om te sporten, te spuljen en om by te praten ek foar jongerein dy't al fan'e bassiskoalle of is. It doel is dus tige wichtich temear omt der oars gjin foarsjennings foar harren binne. Sokke plannen kostje jild. De skoalle hat al aksjes hâlden mar der is noch folie mear jild nedich. Spitich dat it kolleezje dit plan as in begruttingswiziging óf docht en mar in bytsje jild beskikber steld. Sa'n posityf plan fanút doarp en skoalle soe eins mear omtinken hawwe moatte. Se hopet dat it kolleezje it plan nochris op'e nij besjen wol en eventueel mear jild beskikber stelle wol. Soe it net mooglik wêze de reserve stêds- en doarpsfernijing hjirfoar oan te sprekken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 60