-24- Haar fractie stelt daarom voor het voorstel terug te nemen. Het college kan zijn voorkeur aangeven maar de scholen kunnen dan vrij gelaten worden in hun keuze. De financiering van andere keuzes moet binnen het budget blijven, misschien kan er een maximum bijdrage genoemd worden. Zolang het beschikbare budget niet overschreden wordt lijkt haar een raadsvoorstel niet nodig. De hear Veldsta fynt it in nuveraardich útstel, mei rjocht de útsmiter fan'e jûn. Ek dit útstel hat in lange skiednis fanôf 1983 makke, fanút de Londo wie der 70.000,foar it swimmen. Dêrnei kaam Deetman en de gemeente woe har net oan'e ferantwurd- likheid ûntlûke. Ynspraak folge en de gemeente stelde 25.000,beskikber út'e algemiene middels. De KUB kaam mei oanbefellings en dat like der wol op. Mar de measte skoallen wezen it óf. Hy fynt dat it útstel wol hiel erch fier giet. Skynber kin it net oars. Hy soe ek wol de kar fan'e groepen frij litte wolle. Dit is dan basis fan wêrút fierder wurke wurde kin. De gemeente hat ek har ferantwurdlikheid tsjin de swimbaden yn Grou en Terherne oer mar dat is neffens him net de haadsaak fan it útstel. As it ea ta selsbehear fan'e skoallen komt kinne ek oare oplossings troch de skoallen oandrûgen wurde. Frou Veldstra seit dat it skynt dat it in hiele drege saak is in swimplan te ûntwikkeljen dêr't elts him yn fine kin. Seis de notysje fan'e KUB koe gjin ienheid bringe. It útstel jout oan dat it kolleezje it swimünderwiis op ien line hawwe wol en dat fynt se begryplik. Mar wurket soks wol yn'e parktyk? De skoallen yn'e lytse doarpen mei harren eigen achtergrûn en wurkwize binne faaks hiel ferskillend en eltse sitewaasje is wer oars. It is dêrom ek hiel dreech om op ien line te kommen. Bern út Grou en Terherne kinne buten skoalle om faker gebrûk meitsje fan it swimbad dan bern út'e bûtendoarpen. Foar dizze léste groep soe dêrom in alternative regeling makke wurde moatte. De FNP kin him dêrom net fine yn it útstel. Sy is fan betinken dat de skoallen seis beslisse moatte oft se binnen as buten skoaltiid swimme wolle. Ek de groepen moatte frijlitten wurde. Der moat wol yn it foarste plak swommen wurde yn'e swimbaden yn'e gemeente. Mar sjoen de koarte simmerperioade tinkt se dochs dat it rindemint grutter wêze sil as men bygelyks alle wiken swimme koe yn in oerdekt swimbad earne oars. In trijetal skoallen docht dat al en dat foldocht hiel goed. Lit de skoallen ek frij wat it plak oanbelanget. De skoallen moatte harren eigen alternative swimplan ûntvikkelje kinne, rekken hêldend mei de finansjele fergoeding dy't hjir tsjinoer stiet. De mearkosten soene dan foar rekken fan'e skoalle en de alders wêze moatte. De FNP fraksje fynt it tige wichtich dat alle bern de kâns krije it swimmen te learen en dat it heljen fan in diploma stimulearre wurdt. Seker yn in wetterrike gemeente as uzes soe dat sa wêze moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 62