-25- Wethâlder Bloem seit dat se hopet dat de diskusje it hiele útstel net yn it wetter smyt, sadat it skoalswimmen ûnmooglik makke wurdt. Der is al jierren oer in goede regeling praten. Ien fan de oarsaken is neffens har dat doe it ryk gjin fergoeding mear joech de gemeente dochs it swimûnderwiis oereinhâlde woe. Trochdat der mar in beskieden bedrach beskikber steld waard wie der al gau de diskusje oer hokker doelstelling hantearre wurde moast. Al pratende is dit dtstel derút kaam. Ek dit útstel hâldt in kompromis yn. Salang as der binnen de 25.000,bleaun wurde moat sil de gemeente dat fertale moatte yn in mienskiplike ferantwurdlikens fan gemeente en âlders. It heljen fan in diploma is tinkt se net te realisearjen binnen it budzjet. Der fanút geande dat it giet om in dielde ferantwurdlikheid komt der noch wol de drege diskusje hokfoar part foar de gemeente is en hokfoar part foar de alders. It kolleezje hechtet deroan dochs sa goed as mooglik ien regeling te finen. Se kin temjitte komme oan'e fraach om de skoallen seis kieze te litten hokker groepen swimûnderwiis krije. Mei it útstel fan it CDA om it útstel yn te lûken kin se net meigean. Dit útstel slút gjin skoallen út mar skoallen komme wol op in oare wize mei swimûnderwiis yn oanrekking. Ek yn'e takomst by selsbestjoer fan'e skoallen bliuwt it dochs de fraach hoe't mei hokfoar jild omgien wurde sil. It jild foar it swimûnderwiis stiet los fan'e normale jildstream. Yn dit gefal stelt de gemeente in sybsydzje beskikber en it is tinkt haar net ûnridlik dat der easken oan it brûken derfan opsteld wurde. Se tinkt dat it wichtich is dat safolle mooglik bern gebrûk meitsje kinne fan dizze regeling. Frijlitten fan binnen as buten skoaltiid swimme jout neffens har net de garânsje dat safolle mooglik bern swimûnderwiis krije sille. Se hat de idé dat it kompromis dat no foarleit seker wurkber wêze moat. Mevrouw Van den Berg zegt dat het voorstel haar toch erg bevreemdt omdat de KUB en het onderwijsveld het er niet mee eens zijn. Dit voorstel brengt juist het zwemonderwijs in gevaar. Zij vindt het betutteling van de hoogste orde wat hier gebeurt. Zij wil wel eens van de wethouder weten waar in het verleden de problemen concreet lagen. Zij heeft die problemen niet kunnen vinden in de briefwisseling met de scholen en de enqûete. Frou Santema seit dat der ek in soad skoallen binne dy't it net mei de KUB iens binne. Wethâlder Bloem tinkt dat it de wurden fan frou Van den Berg binne as sy it hat oer in skoalmasterige regeling. It útstel is in útfloeisel fan it spanningsfjild fan it sa goed mooglik brûken fan mienskipsjild. Fansels moat der ek romte wêze om de regeling foar eltsenien goed brûkber meitsje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 63