-5- Se kin har wol yntinke dat de Stichting har ek ôffreget hoet it no moat. Se fynt it wol spitich dat it jild net op in oare wize brûkt wurde kin. It is wol saak dat it âldereinwurk in ferletûndersyk docht. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje ferbjustere is oer dit útstel. By de begruttingsgearkomste hat syn fraksje in tal útstellen dien. Dêr hong mei fan óf oft de begrutting akseptabel waard. It gong om 10.000,foar de Boarnsterstim. It wich- tigste wie lykwols 50.000,foar it âldereinwurk en besykje yn'e kommende jierren in strukturele oplossing fan ek 50.000, te realisearjen. Hy hat him net fersind dat de foarsitter sein hat dat it kolleezje mei útstellen komme soe dy't dat honorearje wat it C.D.A. wol. It fernuvert him dan ek dat der mar 40.000,foar it êlder- einwurk uthelle ek noch mei in spesifike bedoeling. Der is in hiele list fan saken dy't no ynienen samar kinne wylst der in grutte prioriteitenlist leit. Der wurdt samar wat graaid út wat der noch oer is, der sit hielendal gjin line yn. Hy is der bliid om dat it liket dat yn'e rinnende begrutting dy romte der is. Hy hat syn twifels der wolris oer. No't we twa jier in oerskot hand hawwe moatte we net oarmoedich wurde. Der is ommers ek al 330.000,foar it akwadukt uthelle. Syn fraksje is tige teloarsteld dat de tasizzing dy't yn'e begruttingsgearkomste dien is no sa bagatellisearre wurdt. Frou Veldstra seit dat no de top 10 foar ús leit. Der is 292.000,te ferpartsjen. Har fraksje fynt dat yn elts gefal de Boarnsterstim 10.000,hawwe moat. De lokale omrop dy't in tige wichtige rol binnen ús gemeente hat en hast net mear wei te tinken is út ús gemeente. Itselde jildt ek foar it museum yn Grou dêr't har fraksje ek wol 10.000,oan jaan wol. De 40.000,foar it âldereinwurk fynt har fraksje te min. By de begruttingsgearkomste hat sy útsteld 60.000,te jaan en is oanjûn dat der foar de begrutting fan 1992 in struktureel bedrach opnommen wurde moat. De 60.000,moat sa bestege wurde dat gemeente én stichting harren deryn fine kinne. It moat net sa wêze dat it ekstra bedrach hielendal brûkt wurde moat foar it wente-ûndersyk. It folsleine ûndersyk soe útfierd wurde moatte sa as destiids Sfpraat. De wurkgroep Lytse Kearnen soe it ûndersyk tariede en ek wiene der al de nedige jildmiddels begrutte. De grutste prioriteiten fan har fraksje binne dan ek 60.000,-- foar it âldereinwurk en 10.000,elts foar de Boarnsterstim en it museum. Fierder wol se foarútrinne op agendapunt 17 oangeande it budzjet foar sosjaal-kultureel wurk, dêr't noch in tekoart is fan 14.000, Se fynt dat dêr omtinken foar komme moat en achtet it fan grut belang dat dat tekoart oanfold wurdt. Mei de oare útstellen kin har fraksje dan ek net meigien. Yn it foarste plak moatte foar dizze ünderwerpen aparte útstellen komme mei in ûnderboude taljochting en in folslein kosten- plaatsje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 7