-6- Oe F.H.P.-fraksje freget it kolleezje dan ek allinne it oerskot fan'e rekken 1989 te besteegjen. De oare punten kin letter op weromkommen wurde. Soe it ek winsklik wêze dat it ûnderwiis ek mei profitearret fan'e oerskotten, sa freget se noch. Wethâlder Bloem seit dat it dúdlik is dat eltsenien bliid is dat de sifers fan'e hjoeddeistige finânsjele sitewaasje der no al binne. As sjoen wurdt nei hoe't de romte yn'e rinnende begrutting opboud is dan is it logysk dat dit útstel der is. De romte oer de rekken fan 1989 is no dan ek werom te finen. It jout ek de ynformaasje om in sa suver mooglike begrutting te meitsjen. Op dit stuit binne der safolle gegevens dat der neist de romte oer 1989 ek oare romte is dy't it kolleezje graach besteegje wol. It is net dat doe allegear listkes betocht binne. Der is sjoen nei saken dêr't it kolleezje earder net oan foldwaan koe en dy't no mei in ienmalige bydrage moai op streek holpen wurde kin. It jildt foar sawol ynterne as eksterne saken dy't wol in relaas je hawwe mei it kolleezjewurkprogramma. It hie moai west as der wat mear wiidweidich oer it útstel praten wie yn'e ôfdieling mar de tiid dêrfoar wie te koart. Ek it kolleezje hie dat leaver oars sjoen. Lykwols is yn it útstel en yn'e stikken dy't op besjen leine genôch ynformaasje te finen. Elts hat sa syn miening oer it ferdielen fan it jild, dat sil by de fierdere ôfwikkeling fan it útstel wol nei foaren komme. It kolleezje hat yn'e begruttingsgearkomste op de útstellen fan F.N.P. en C.D.A. sein dat der in útstel komme soe dat yn'e rjochting gong fan'e útstellen fan F.N.P. en C.D.A. Der is nog gelegenheid om oer de bedragen te praten. It kolleezje wol yn elts gefal dat it wenteferletûndersyk feilich steld wurdt. Mocht der troch allegear gearwurking ekstra romte ûntstean dan kin der lykwols oare saken oppakt wurde. Mar dy romte soe miskien ek wol fûn wurde kinne yn'e 54.000,dy't al takind is. Yn dy sin is se benijd nei wat de F.N.P. dwaan wol mei de 60.000,dy't sy de âlderein ta hawwe wolle. It moat dúdlik wêze dat it hjir giet om ienmalige bydragen. No wurdt ek by de stichting Alderein de grutste brân blust en yn'e rin fan takom jier sil neigien wurde op hokker wize der struktureel yn foarsjoen wurde kin. Wethâlder Nieuwdam seit oangeande it útstel fan'e F.N.P. om 14.000,út te lûken foar de need yn it sosjaal-kulturele wurk dat de bedragen út dit útstel in ienmalich karakter hawwe wylst it sosjaal-kultureel wurk struktureel ferlet hat fan mear jild. De voorzitter zegt dat hij heeft toegezegd bij de behandeling van de begroting dat het college in de decembervergadering voorstellen zou doen die overeenkomen met de gedachten die toen geuit zijn. Het ging ook toen om het bedrag van 100.000,en er was geen sprake van een structurele invulling. Beide voor stellen van het C.D.A. zijn terug te vinden zij het met een iets lager bedrag. Er wordt in het voorstel wat onhandig gesproken over het rooien van boomstronken. Het betreft hier de schade die is ontstaan ten gevolge van de storm in het voorjaar van 1990.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 8