- 2 - Wy hawwe net it idee dat wy dit proses as gemeentlike oerheid keare kinne. Wy binne wol fan betinken dat de gemeente in bydrage leverje kin yn it fuortsterkjen fan de status fan de taal. In taal dy't de muoite wurdich is om te behâlden. Dat út te dragen en in lyts bytsje it foarbyld te jaan fine wy mei in taak fan de gemeentlike oerheid. Ek al kinne de measten it net skriuwe, ek al hawwe guon wat muoite mei it lezen, wy tinke dat it foar it behald fan de taal fan belang is dat ek de gemeente dy taal brûkt. 2Ynfierinosmeente. Yn 1984, net sa lang nei de weryndieling, hat it provinsjaal bestjoer ús gemeente frege om ynfieringsgemeente foar it Frysk te wurden. Dit fersyk is oan jimme ried foarlein mei de opmerking dat wy dat al wiene (wy brûkten it Frysk al), mar dat wy ús beriede soene oft wy al as net útwreidingsgemeente wurde woene (yn de sin sa't de provinsje dat bedoelde). It riedsbeslút hâlde yn, dat ear't dêr in beslút oer nommen wurde koe der earst in taalbeliedsplan opsteld wurde moast om te sjen wat soks besjutte soe. Nei it fêststellen fan it belieds- plan koe der in ynhâldlik antwurd nei de provinsje: ja of nee en sa ja, hoe (hurd) dan en ûnder hokker betingsten. Der waard in kommisje beneamd mei de opdracht in ûntwerp-taal- beliedsplan op te stellen. Dat ûntwerp-plan is der kommen. Yn septimber 1986 wie it klear. It rapport hat as namme "Boarnster- him en it Frysk as besjoerstaal" en leit dêr sûnt dy tiid as in konsept. Beslútfoarming hat noch net pleats fûn. Dat der noch gjin beslút nommen is wol net sizze dat der neat bard is. Ein 1986 hat it kolleezje fan boargemaster en wethalders yn syn gearstalling fan doedestiids in ynhâldlik stânpunt ynnommen, dat der op del komt dat it ûntwerp-taal- beliedsplan fier sten te hurd wol, dat de ynfiering fan it Frysk as besjoerstaal fasearre wurde moat en dat der jild op it kleed komme moat om de ynfiering mooglik te meitsjen 40.000,per jier) De ynterne diskusje is dêrnei in skoft hingjen bleaun op de fraach moat der east wissigens wêze oer it beskibere jild foar de ynfiering of kin it rapport wol foar ynspraak frij jûn wurde. Dat dat in frij ünfruchtbere diskusje wie die al gau bliken, doe't by de ombûgingsoperaasje fan 1987 der gjin jild foar it Frysk frij makke waard en it rapport "dus" lizzen bleau. Alle jierren by de begruttingstarieding soe neigongen wurde oft der (dochs noch) jild frij makke wurde koe. De fierdere gong fan saken is bekend. It jild yn de gemeente waard allinne mar krapper. Romte foar útfiering fan in belied Frysk wie der net. Bestjoerlik oerlis mei jimme ried hat der yn 1988 ta laat dat it rapport dochs yn de ynspraak jûn is, sawol yntern as ekstern. 0105V 49

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 10