- 3 - 3It taalbeliedsplan en de ynspraak. It ûntwerp-taalbeliedsplan hat mei it foarriedich stânpunt fan it kolleezje út 1986 ûnderwerp fan ynspraak west ein 1988. Der binne twa gemeentlike harksittings hâlden, der binne gear- komsten fan de ferienings fan pleatslik belang yn ferskate doarpen oer halden en der binne ferskate brieven fan ynwenners oer dit ûnderwerp ûntfongen. De reaksjes en ferslaggen lizze by de riedsstikken om yn te sjen. Fan de kant fan it personiel, ús eigen meiwurkers, is der hastr gjin réaksje kommen. Der hearske (begryplik) in sfear fan ôfwachtsjen wêr't it bestjoer (nei safolle jierren) ta beslute soe. De ynspraakrisseltaten litte nei ús betinken twa tinkrjochtingen sjen: 1. It is goed dat de gemeente him ynspant foar it frysk en dy taal ek as oerheid brûkt. 2. It is nuodlik as de gemeente in taal brûkt dy't troch in part fan de ynwenners net ferstien of net lezen wurde kin. Fansels binne der mear ekstreme reaksjes ynkommen (nei beide kanten) en hawwe guon mear nuanse brocht yn harren miening. De haadrjochtingen binne hjirmei lykwols oanjûn en ús tinkt dat it foar de gemeente saak wêze soe om de beide linen oan elkoar te ferbinen, de taal "mei ferdrach" brûke en omtinken jaan oan dyjingen dy't it Frysk net machtich binne. Yn it ramt fan de diskusje oer de Fryske doarpsnammen hat it maatskiplik draachflak fan it riedsbeslut oan'e oarder west. Dat draachflak wie en is net sa grut, dat is bekend. De ried hat om oare redenen, fanút syn eigen ferantwurdlikens, dochs keazen foar de fryske doarpsnammen. No't it ramt oan'e oarder is wêrbinnen it plaknammenbeslút sjoen wurde moat, wolle wy dochs nochris stil stean by en omtinken jaan oan dat maatskiplik draachflak. Wy binne fan betinken dat oerheidshanneljen dêr net sûnder kin en dat sûnder it elts nei't sin meitsje te kinnen in gemeente, in ried, acht slaan moat op de miening fan de befolking, mearderheid of minderheid. It hat ús bliken dien dat it maatskiplik draachflak foar it brûken fan it Frysk troch de gemeente beheind is. Sûnder dat wittenskiplik ûnderbouwe te kinnen en mei krekte sifers of persintaasjes oan te jaan komt it ús foar dat der nochal wat wjerstân is tsjin it skriftlik brûken fan it Frysk troch de gemeente Foar in part komt de wjerstân fanút it feit, dat partij ynwen ners it Frysk net leze kinne. Dêrnjonken is der in groep Friezen dy't it Frysk net leze wol. De earste groep, net leze kinne, is dúdlik. Dêr sil yn it gemeentlik belied omtinken oan jûn wurde moatte. De twadde groep leit foar ús wat dreger. Wy witte net goed hoe't wy dêrmei oan moatte, wat de goede benaderingswize wêze soe. 0105V 50

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 11