- 4 - Njonken de net-kinners en de net-wollers is der ek in grutte groep (tinke wy) dy't sêft sein gjin belangstelling hat en it allegear "wol goed" fynt. Ek dizze groep taast it maatskiplik draachflak fan in belied Frysk oan. Us generale konklúzje oer de ynspraak oer it ûntwerp-taal- beliedsplan is dat it enthousiasme oer in gemeentlik belied Frysk beheind is en de desynteresse en de wjerstân grut. 4. Provinsiale ramtnota taalbelied. Begjin desimber 1990 krigen wy fan it provinsjaal bestjoer tastjoerd de ramtnota taalbelied. De gemeenten kinne dêr op reagearje. De nota is in oanset ta it formulearjen fan in gearhingjend taalbelied yn Fryslân en is as sadanich ek foar ús gemeente fan belang, benammen no't wy ús eigen taalbeleid noch hieltyd formulearje moatte. It ûntwerp fan de "Ramtnota Taalbelied" is in útwurking fan al earder fêstleine útgongspunten, lykwols mei de klam op it ûntwikkeljende karakter fan it belied. De doelstellings sa't dy foarmulearre binne, kinne yn ien sin gearfette wurde: "it moat fanselssprekkend wêze dat minsken harren eigen taal brûke". De oanbefellings, oan de gemeenten hawwe betrekking op: - jierliks in oerlis om ûntjouwings by ryk, provinsje en gemeenten oangeande it taalbeleid op inoar of te stimmen; - it opsetten fan in kampanje mei as doel it skeppen fan in útnoegjend klimaat om it Frysk sawol mûnling as skriftlik te brûken; Oan it nije fenoneem "stipepunt Frysk" wurde de folgjende wearden takend: - it fieren fan in yndirekt taalbelied dat bydraacht ta in klimaatferbettering foar it Frysk; - it fersoargjen fan in stipefunksje mei in oanbod fan materiaal dêr't partikulieren, ynstellings en oerheden gebrûk fan meitsje kinne; - it útfieren fan taken op it mêd fan foarljochting en promoasje, ynformaasjefoarsjenning, advisearring/ taalbystân en it fersoargjen fan in ombudsfunksje foar it Frysk. Ut eachpunt fan draachflak-ferbreedzjen en klimaatferbetterjen fynt de provinsje it better dat inisjatieven op it mêd fan it Frysk by de by de gemeenten seis ûntsteane en ta ûntjouwing komme. Der moat in sitewaasje fan ienheid en ferskaat ûntstean: ienheid yn grutte halen fan it taalbelied, nammentlik de grûnslag lykweardigens en lykberjochtiging en ferskaat yn de útfiering, passend by de eigen gemeentlike organisaasje, ynfrastruktuer en ynwenners. 0105V 51

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 12