- 5 - De provinsje sjocht syn koördinearjende taak en earstferantwurdlikens yn it op inoar ôfstimmen fan de ûntwikkelings by ryk, provinsje en gemeenten en it fersoargjen fan in goede ynfrastruktuer It liket de provinsje goed ta, dat dêrfoar in fêst oerlis mei de gemeenten yn Fryslên opset wurdt. It stipepunt kin dêrnjonken funksjonearje om gemeenten, dy't dêr ferlet fan ha, by te stean yn de foarm fan foarljochting, advisearring, promoasjonele aktiviteiten ensafuorthinne. Oant safier in beskriuwing fan de ynhâld fan de ramtnota. Wy tinke hjir it folgjende oer. De doelstellingen en sub-doelstellingen yn de ûntwerpramtnota dwarrelje wat oer inoar hinne en binne dêrmei net alhiel dúdlik. De twatalichheid leit sterk de klam op. It Frysk beskôgje as in stik kultuerguod komt net út'e ferve. De provinsje giet suver net yn op de ûntstiene sitewaasje fan dûbeltaligens op ûnderdielen (én it Frysk én it Nederlânsk). Troch de útspraak fan de Rie fan Steat oer it ferstrekken fan oersettings op fersyk is dat hjoed-de-dei wol in wichtich elemint. It ferbreedzjen fan it draachflak foar it Frysk en de klimaat- ferbettering komme oerien mei wat wy yn Boarnsterhim foarsteane. Soks komt lykwols net fansels. Oan de byldfoarming foar it Frysk is noch wol it nedige te dwaan. It opsetten fan in trochtochte, moderne p.r.-kampanje en it ynskeakeljen fan de grutst-mooglike saakkundigens derby, binne tige wichtich. De grûnslach lykweardigens en lykberjochting kin ûnderskreaun wurde. De provinsje sjocht syn koördinearjende taak en earst-ferant- wurdlikens yn it op inoar ôfstimmen fan de ûnwikkelings by ryk, provinsje en gemeenten en it fersoargjen fan in goede ynfra- struktuer It liket de provinsje goed ta in fêst oerlis mei de gemeenten yn Fryslân op te setten. Yn de stikken wurdt foarslein sa'n oerlis jierliks te hélden. Wy freegje ús ôf oft dat net wat te min is en oft dat net wat te passyf oerkomt. De Fryske gemeenten binne ommers in tige goede "kweekboaiem" foar de provinsje. Wy soene krekt mei dat oerlis wat mear dwaan wolle en neigean op hokker wize it maatskiplik draachflak meiïnoar fergrutte en ferbrede wurde kin. It stipepunt kin funksjonearje om gemeenten, dy't dêr ferlet fan ha, by te stean yn de foarm fan foarl jochting, advisearring, promoasjonele aktiviteiten ensafuorthinne. Wy freegje ús ôf, hoe't dat sjoen wurde moat. Giet de provinsje ek safier, om dêr jild foar oan de gemeenten beskikber te stellen? Wurdt it stipepunt ûnderbrocht by de Fryske Akademy? Faaks is it in idee om de problematyk yn Europeeske kontekst te setten. 0105V 52

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 13