- 6 - Wy hechtsje oan ofstimming fan taalbelied binnen provinsje en Fryske gemeenten en sjogge de provinsje yndied as de earst-ferantwurdlike yn dit stik fan saken: de lûker fan it belied Frysk yn Fryslân, de inisjatyfnimmer as it giet om ferheegjen fan it draachflak, ferbetterjen fan it klimaat en lykweardigens en lykberjochting fan de taal. Boppedat de oanjager fan it tastânkommen fan in wetlike basis foar it Frysk. It stipepunt Frysk moat net in gevel wurde dy't foar in leech gebou stiet. It hjiryn meiïnoar oparbeidzjen hie wol wat sterker nei foaren komme kinnen. De wichtige funksje foar de gemeente fan it stipepunt is net alhiel dúdlik en sil yn oerlis noch neier útwurke wurde moatte. Oant safier is kommentaar, dat wy oanslute litten ha op dat fan de gemeente Tytsjerksteradiel Wy binne hjir wat djipper op yngongen, net allinne om't wy graach reagearje wolle op de ramtnota mar ek om't wy de benaderingswize fan de provinsje gaadlik fine om te brûken by it formulearjen fan ús eigen belied. 5. Oerwaainas ten oansien fan it qemeentlik belied. Hoe hjir no mei om te gean? Foar ús stiet fêst dat it Frysk as taal slim bedrige wurdt en dat der maatregels nommen wurde moatte om de taal te behâlden. Ien fan de maatregels is it ferheegjen fan de maatskiplike status fan de taal. De oerheid kin der ta bydrage troch de taal te brûken, mûnling sawol as skriftlik. Dêrnjonken moat omtinken jûn wurde oan de kwaliteit fan de taal. De kwaliteit wurdt bedrige troch Nederlânske en Ingelske ynfloeden. It skriftlik brûken fan it Frysk (troch de oerheid en troch oaren) kin der ta bydrage dat der mear omtinken komt foar de kwaliteit. It skrift lik gebrûk fan de taal jout in beskate kwaliteitsnoarm foar it mûnling ferkear en dêrmei in tsjinwicht tsjin negative ynfloeden fan buten of. Om dizze beide redenen wolle wy der op oan om it Frysk in mear lykweardich plak te jaan yn de oerheidskommunikaasje, mear lykweardich alteast oan it Nederlânsk. Yn safier soene wy it konsept-taalbeliedsplan yn syn doelstelling dan ek folgje wolle. Wêr't wy mei sitte is de akseptaasje fan in sadanich belied troch de befolking. Wy sille der hoeden mei omgean moatte en meie benammen net te hurd úteinsette. Yn safier kinne wy mei it konsept-beliedsplan net út de fuotten. It konsept wol yndied fiersten te hurd en jout mei fiersten te folie klam oan wat moat en wat net moat. It plan is te folie skreaun fanút in sfear fan regel jouwing (oanjaan hoe't it eins moatte soe) en te min fanút in ûntwikkelingsbenadering (oanjaan hoe't wy ta it doel komme kinne) Wy binne dan ek feitlik fan betinken dat it ûnderwerp-taal- beliedsplan bysteld wurde moat en foar in part op'e nij skreaun, wêrby't omtinken jûn wurdt oan it paad werlâns it doel te berik- ken is. 0105V 53

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 14