- 7 -
Foar't wy dat konkreet stâl jouwe wolle wy de behanneling en it
fêststellen fan de ramtnota troch de provinsje ôfwachtsje en ek
it oerlis oer it meiïnoar oparbeidzjen yn Fryslân yn ús eigen
gemeentlik taalbelied belûke.
Krekt mei it each hjirop soene wy yn oerlis mei oare gemeenten
yn Fryslân en mei de provinsje neigean wolle wat wy dwaan kinne
oan it fergrutsjen fan it maatskiplik draachflak. Hoe krije wy
de minsken safier dat hja ynsjogge dat it de muoite wurdich is
om it Frysk te bewarjen en dat der wat foar dien wurde moat.
Dizze benadering slút oan op de provinsjale ramtnota taalbelied
en ek op de sjenswize sa't dy yn it kolleez je-wurkprogramma foar
de riedsperioade 1990 - 1994 opnommen is.
Der stiet:
Dêrneist wolle wy der yn'e mande mei de oare gemeenten
nei stribjen in better plak foar it Frysk te realisearjen
Yntusken moat der wol in útspraak dien wurde oer it feitlik
brûken fan it Frysk troch de gemeente.
Yn neifolging fan it kolleezje-wurkprogramma stelle wy út om yn
earsten in folgjend belied te fieren, dat wol sizze dat wy ús
rjochtsje op de taal dy't de boarger yn de kommunikaasje mei de
gemeente foar kar nimt. Yn it gefal it inisjatyf by de gemeente
leit kinne beide talen brûkt wurde. Hjirûnder sille wy ien en
oar neier útwurkje.
6. Taalfolcriend interim-belied.
Yn ôfwachting fan in bredere diskusje oer it taalbelied yn Frysk
ferbân wolle wy noch net oergean ta in befoarderjend of in styp-
jend gemeentlik belied.
Wy binne fan betinken dat it ferstannich is om pas op de pleats
te meitsjen en in taalfolgjend interim-belied te fieren.
It interimbelied - dat net fier ôfwykt fan wat wy no yn
Boarnsterhim dogge - hâldt yn dat fierder wurke wurdt oan it
fuortsterkjen fan de taalkundige ynfrastruktuer by de gemeente
seis: kursussen foar amtners, oanmoedigjen fan it brûken fan it
Frysk, frysktalige opskriften en formulieren ensafuorthinne, en
hat fierder de folgjende praktyske konsekwinsjes
a. Advertinsjes
b. Opskriften
c. Notulen
wetlik foarskreaune: NI.
net wetlik foarskreaune ôfhinklik fan
de bestinfhiing: bûten Fryslân: NI.
binnen Fryslân: Nl/Fr.
NI.
ried: NI./Fr.
ofdieling: NI.
beslutelisten: NI.
oare: NI.
0105V 54
M