GEMEENTE BOARNSTERHIM 5. Utstel oer it brûken fan it Frysk as bestjoerstaal troch de gemeente. Oan de gemeenteried. Grou, 9 maart 1991. 1. Ynliedinq. Oer it brûken fan it Frysk as bestjoerstaal troch de gemeente Boarnsterhim is noch hieltyd gjin dúdlik riedsbeslút nommen. In oantal kearen hat it ûnderwerp oan'e oarder west, bygelyks by it feroarjen fan de gemeentenamme en fan de nammen fan de doarpen en nei oanlieding fan in fersyk fan it provinsjaal bestjoer om ynfieringsgemeente Frysk te wurden. Der binne troch jimme ried by dy gelegenheden wol útspraken dien dy't der op wize dat yn it gemeentlik belied oan it Frysk omtinken jûn wurde moat. Lykwols ta in dúdlike formulearring fan sa'n belied is it oant no ta net kommen. Dit útstel wol helderheid jaan oer ús sjenswize oangeande it brûken fan it Frysk as bestjoerstaal troch de gemeente. Wy soene graach sjen dat jimme ried him dêroer útsprekt en dêrmei foar de rinnende riedsperioade de haadlinen fêstleit. Dit utstel giet oer it Frysk as bestioerstaal en oer wat de gemeente op dit mêd oan befoardering fan it Frysk dwaan kin. Dit utstel giet net oer oare sektoaren dy't op it mêd fan it Frysk yn de belangstellingssfear fan de gemeente lizze, bygelyks it ûnderwiis en it kultuerbelied. Yn dy sektoaren is sprake (min ofte mear) fan in akseptearre gemeentlik belied, dat rjochte is op it behêld en it fuortsterkjen fan it Frysk. Fanút in positive grûnhâlding foar it Frysk oer wurdt op dizze punten belied fierd, dat fierders buten it bestek fan dit riedsútstel fait. Dêrmei is net sein dat in stypjend gemeentlik belied yn it ûnderwiis en op kultureel mêd foar it Frysk net fan betsjutting wêze soe. Krekt oarsom: wy tinke dat krekt op dizze punten in hiel soad oan taalbefoardering dien wurde kin. It is allinne net de ynfalshoeke fan dit riedsútstel. Foar't wy komme ta de formulearring fan in gemeentlik taalbelied, wolle wy noch wat sizze oer it ramt dêr't dat belied neffens ús yn pleatst wurde moat. It giet net goed mei it Frysk. Wy geane net yn op de oarsaken. Wol konstateare wy, mei soarch, dat it Frysk hieltiten minder brûkt wurdt en dat de kwaliteit fan it Frysk taalgebrûk as sadanich hurd efterút rint. Us soarch komt fuort út de kulturele ferearming dy't hjirfan it gefolch is en fanwege it gefaar dat de Fryske taal op'en doer driicht as selsstannige taal te ferdwinen. It Frysk wurdt slim bedrige as kultureel erfguod, as libben kultuermonumint en as folweardich kommunikaasjemiddel yn Fryslan. 0105V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 9