-11- Hij denkt dat het verschil in de offertes wordt veroorzaakt door de hoeveelheid ijzer. Hij vermoedt dat de hoogste inschrijver al een bestemming voor het ijzer heeft. Er zal gekeken worden naar hoe het asbest verwerkt wordt voor zover dat nog in het vermogen van het college ligt. Er kan achteraf geen eis gesteld worden, maar er kan allicht met de sloper over worden gesproken. De hear Bouma seit dat der wol asbest is. Hy soe der net graach oan meiwurke hawwe wolle dat asbest op in gefaarlike wize ferwurke is. Hy is wat benaud wurden troch de wat al te foarsichtige beantwurding. Hy fynt dat der wol safier gien wurde kin dat mocht in miljeufreonlike ferwurking finansjele konsekwinsjes hawwe de gemeente dêrfoar stiet. De voorzitter zegt dat het college de aannemer zal laten weten dat de gemeente, mochten er extra kosten gemaakt moeten worden in verband met de asbestverwerking daar graag over zou willen overleggen over een eventuele hogere bijdrage van de gemeente. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Vporstglta£heibeschikbaar stellen van een krediet groot f 62.500,—voorâfîaanleg van een parkeerterrein bii de voormalige Storkfabriek te Grou. De hear Breeuwsma fynt dat dit útstel koarte termyntinken is. It giet derom dat dit terrein skjinmakke wurdt as dat der in útspraak komt oer hoe't it no moat mei it terrein. No wurde der samar parkearplakken op oanlein. It bart faak dat der ek bern op'e parkearterreinen boartsje en dat liket him net sa goed as der slimme fersmoarging is. Hy fynt dat de 62.500,eins bestimd is foar de Stasjonswei. Hoe sit dat, aanst is der wer in tekoart as de Stasjonswei/ Parkstrjitte oanpakt wurdt. De hear Bouma kin him yntinke dat as jo tsjin it opheffen fan'e parkearplakken op it Halbertsmaplein binne jo ek tsjin dit útstel binne. As jo graach de auto tichteby hawwe wolle dan soe it it moaiste wêze dat dat oan it begjin fan it doarp kinne soe ynstee fan dat jo dan earst noch it hiele doarp trochmoatte foardat jo de auto kwyt kinne. Dat soe wol it moaiste wêze, wie it net sa dat én it plan dêrfoar net klear is én it jild der net foar is. As it net kin sa't it moat, moat it mar sa't it kin. Sa komme we dus op in "tydlike" foarsjenning op it Volmaterrein, dutsen mei jild dat yn feite bedoeld is foar de strukturele oplossing oan it begjin fan it doarp. Wat dat oanbelanget is hy it wol mei de hear Breeuwsma iens. Dat jild wie ornearre foar parkearfoars jennings by de Parkstrjitte. Syn fraksje hat gjin problemen mei de no keazen lokaasje ek net yn relaasje ta de fersmoarging. Ut de rapporten hat bliken dien dat der gjin gefaar is foar de folksûnens.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 13