-3- De taal dy't sa wichtich is foar ús identiteit/ £oar it bewarjen en ynstân halden fan'e gewoanten en opfettings dy't yn en by ús libje en dy't yn it ferskaat fan talen yn Europa sa'n unyk plak ynnimt. We binne mar lyts yn tal mar de histoarje fan 2000 jier is unyk binnen de Nederlânske steat. Soe no de âldste taal fan ús lân, troch eigen sleauwens fan bestjoerders nei it grêf begelaad wurde moatte? De bedriging fan ús taal is grut. De oerweldigjende oermacht fan'e massamedia makket dat wy oerstreamd wurde troch de Amerikaanske ynstantkultuerIn oerflakkige massakultuer basearre op materialistysk tinken en sûnder kultuerbesefTsjin dy massaliteit is gjin inkelde kultuer oerein te halden. Dat kin allinne troch beskerming fan dy kultuer. Dy beskerming sil komme moatte fan'e oerheden troch maatregels dy't de delgong opkeare kinne. Dy maatregels lizze op it mêd fan it ûnderwiis, de massamedia en it brûken fan'e taal troch de oerheid. Earder wie dat net sa needsaaklik omt de taal harsels wol rede koe. Mar de tiden binne feroare en der moat in oar gemeentlik belied komme om it ferdwinen fan ús taal en dêrmei de ûndergong fan'e Friezen seis te kearen. Dy ferantwurdlikens om it kulturiel erfguod te hoedzjen leit ek op'e skouders fan'e gemeente Fan 1984 of hat it kolleezje noch gjin antwurd jûn op'e fraach fan'e provinsje wat wy mei it Frysk dwaan sille. De feiten binne sa: der moast earst in taalbeliedsplan komme. Doe't dat plan der nei in jier wie woe it kolleezje it net yn'e ynspraak jaan omt der gjin jild foar wie. It Frysk kaam op'e winskelist. Yn 1987 waard it Frysk in P.M.-post. Fan 1987 oan 1989 is der troch de besunigingen gjin jild beskikber. Underhân wurdt it beliedsplan wat oppoetst en wurdt it plan yn ynspraak jûn, mar it kolleezje nimt gjin stânpunt yn. Yn 1989 wurdt it plan op'e nij oanhâlden yn ferbân mei de weroriëntearing. Yn juny 1990 wurdt der utsteld te wachtsjen op'e provinsjale ramt nota Frysk en no sil der op'e nij nei 7 jier wer gjin beslút nommen wurde. Op dit stuit wurdt in taalfolgjend belied foarslein. Mar in taalfolgjend belied is gjin belied, gjin fleis en gjin fisk. De konsekwinsjes binne dúdlik, it belied wurdt oan'e amtners oerlitten. Dus wurdt it Hollânsk. It is in skruten belied nei buten ta. Taalfolgjend belied betsjut dat it Frysk folge wurdt nei syn ûndergong. It sil dúdlik wêze dat syn fraksje dit útstel net stypje sil. Leaver gjin belied as dit. Op 9 augustus 1985 hat it kolleezje utsteld mei in taalbelieds plan te kommen. No wurdt der sein dat it taalbeliedsplan bysteld en foar in part op'e nij skreaun wurde moat, wêrby omtinken jûn wurdt oan it paad wêrlâns it doel te berikken is. Syn fraksje komt mei in útstel op grûn fan kêst 29.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 22