-5- Sels suster Johanneke koe it net mear lymje. It skip drige op'e klippen te rinnen. It freget stjoermanskeunst en seeskonken om de saak wer op gleed te krijen. As men dan in útstel list kriget men de yndruk dat de saak sjoen wurdt troch de eagen fan in heidebewenner dy't foar't earst weagen sjocht. Wêrom sa negatyf, sa dúdlik ôfwachtsjend wat in oar, benammen de provinsje út'e wei set. Wy hoege der ommers allinne mar foar te soargjen dat it musyk wer oansluting kriget. As wy de pas ynhâlde en it musyk soe dat ek dwaan dan bart der dus ek neat. It korps sil wer yn beweging moatte. Litte we dêrom de kreet "taalfolgjend interiumbelied" léze as "taalaktivearjend interiumbelied". Litte we dat aktivearjende rjochtsje op oaren yn ús provinsje dy't ek wol wat wolle mei it Frysk. Alhiel foarop rinne sa hat bliken dien hat syn beheinings. Syn fraksje stelt him foar dat yn'e geast sa as it kolleezje skriuwt der in regelmjittich oerlis ta stân komt tusken gemeenten en provinsje. In planfoarm foar it Frysk yn it bestjoerlik ferkear. Hy wit dat ferskate gemeenten hjirfoar yn binne. Konkreet: it kolleezje is aktivearjend yn dy sin dat hy befoardert dat it oerlis breder en frekwenter wurdt. Doel sil wêze it befoarderjen fan in grutter draachflak en mear mooglikheden foar it Frysk yn it bestjoer. Hjirby sil yn advisearjende en stypjende sin it stipepunt Frysk in rol spylje. Om yntern yn'e gemeentlike organisaasje mear mooglikheden te krijen sille kursussen organi- searre wurde moatte foar it personiel. It planfoarm en de bestjoersskoalle kinne der in rol yn spylje. Underdiel A fan it útstel hat gjin doel. Der is al in dtspraak oer dien. Boppedat hat hy begrepen dat de provinsje net mear mei dat wurd wurket. Yn underdiel B soe sprutsen wurde moatte fan in taalaktivearjend interimbelied. Punten C, D en E kinne bliuwe as mar dudlik is dat ús gemeente yn dit gehiel in aktivear jende rol spylje wol. Dan wol hy it noch efkes hawwe oer de lytse punten op side 6 fan it útstel. Hy nimt oan dat wat de opskriften oanbelanget it belied sa bliuwt as it no is. Dat jildt ek foar de tillefoaniste. Lit dy har eigen taal prate. It blykt gau genôch wat de oare kant wol. De notulearring fan'e ôfdieling en de beslutelisten soe krekt sa wêze moatte as dy yn'e rie. By de beantwurding fan brieven ferwachtet syn fraksje no wol echt folgjend belied. Hy kin him ek yntinke dat de gemeente op dielterreinen as ûnderwiis en kultuer nei ferienings ensafuorthinne as regel gewoan it Frysk brûkt. Dat jout dochs noch wat ynhâld oan it gewoan brûken fan it Frysk. It giet no oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear mar it Frysk is fansels breder. Hy rekkent derop dat it kolleezje alle war dwaan sil om benammen yn it (ferfolch)ûnderwiis it Frysk it plak te jaan dat it takomt. Want mei goed ûnderwiis fait as stiet elts taalgebou. As foarbyld fan stipe op it sosjaal-kulturele mêd neamt hy it halden fan in Fryske wike yn'e simmer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 24