-6- De foarsitter seit dat der yn it ferline al in protte praten is oer it Frysk en it brûken fan it Frysk. Alle kearen docht blyken dat we it sûnder help fan in wet net rede. We binne dus no allinne oanwiisd op'e help fan'e minsken, it saneamde maatskip- like draachflak. By berne-opfang en oare saken wurdt it maat- skiplik draachflak net oanhelle omt men der de stipe fan de wet hat of der is út'e minsken seis wei in draachflak oanwêzich. Elkenien is der wol wis fan dat it Frysk in eigen betsjutting hat en dat der wat barre moat om it Frysk yn stân te halden. It giet derom hoe dat te berikken. Yn it beliedsplan fan 1985 is besocht oan te jaan op hokker wize der regels steld wurde kinne foar de minsken en foar de gemeente seis. We hawwe leard dat dat net slagge is en dêrom sil no op in oare wize besocht wurde moatte, ek troch de útspraken fan'e Rie fan Steate yn Den Haach, it doel te berikken. Dan sil der net oplein mar stimulearre wurde moatte. Dan kin der bygelyks gebrûk makke wurde fan in Fryske wike of soksawat. Troch it oplizzen wurdt der mear kwea as goed oan'e taal dien. De hear Van der Baan sil ek fan betinken wêze dat itjinge fan 1984 óf dien is net folie opsmiten hat. Dat kin him oan'e gemeente lizze dy't te min dien hat mar sûnder de help fan'e minsken sil it nea opreden wurde. Dat leste bedriget it Frysk it meast. It kolleezje hat no in útstel dien dat him rjochtet op gear- wurking mei de provinsje en de oare gemeenten. De F.N.P.- fraksje hat gelyk as er seit dat we dan wol witte moatte wat we wolle. We moatte net hielendal blanko dat petear oangean. Der sil yn'e earste ôfdieling praat wurde oer de ynhâld fan it petear. Dan kin ek oan'e oarder komme wat de betsjutting wêze kin fan it stipepunt. Hy hat yn'e earste ôfdieling sein dat de minsken leard wurde moatte it Frysk lekker te finen. Yn in oan him skreaune brief waard dat praat fan'e heide neamd. Mar hy tinkt dat it dochs wier is wat hy sein hat, de minsken kinne net twongen wurde. We binne wol ynfieringsgemeente omt wy it Frysk al brûke. Mar wy binne dat net yn de sin sa as de provinsje bedoeld hat. Hy tinkt dat it net safolle problemen jout om fan in taalaktivearjend belied te sprekken. As minsken in oersetting hawwe wolle fan it Frysk yn it Nederlansk dan sil der wol oan temjitte kommen wurde moatte. It kin dus wol dien wurde mar dat betsjut wol tiid en jild en dy hawwe no ien kear harren beheinings. It giet it kolleezje te fier om in aparte kommisje te beneamen. Op dit stuit kin folstien wurde mei it yn'e earste ôfdieling te bepraten. Hy tinkt dat mei opskriften: namelijk doelt wurdt op'e opskriften bûtendoar De hear Van der Baan seit dat it antwurd fan'e foarsitter mar ek de stânpunten fan'e oare fraksjes him tige teloarsteld hawwe. Hy hie ferwachte dat de rie en it kolleezje ek wol foar eagen hiene dat der wat barre moat en dat der belied komme moat. Dat belied komt der dus net. Beprate yn'e ôfdieling betsjut ek: gjin belied. Want hoe sil in ôfdieling sûnder in djipgeande bestudearring fan it beliedsplan no mei konkrete ideeën komme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 25