-7- Foar de F.N.P. is dit oanlieding hjir net yn mei te gean. Ek net yn it oerlis mei de provinsje en de oare gemeenten. We soene ús der skamje moatte as we der allinne mar wat taharkje kinne sûnder seis in belied foar eagen te hawwen. Syn fraksje is dêrom tsjin'e ûnderdielen 0 en E. Wylst we it oer belied hawwe moatte wurdt der praten oer in Fryske wike. De folklore komt wer rom om'e hoeke. Wa praat der oer oplizzen? It giet om it brûken fan it Frysk yn bepaalde sektoaren binnen de gemeente en sa soe it Frysk jin oplein wurde? Al jierren wurdt ús it Hollânsk oplein mar dat wurdt akseptearre. Yn in twatalige provinsje mei dochs wier wol ferwachte wurde dat beide talen brûkt wurde. Sûnder in politieke wil yn Boarnsterhim sil it Frysk it absoluut net oprêde. Hy tinkt dat it maatskiplik draachflak folie grutter is dan de foarsitter tinkt. Syn fraksje sil de ûnderdielen D en E net stypje as der gjin keppeling lein wurdt mei it beliedsplan. Hy stipet de ûnderdielen A, B en C sa as troch de fraksje fan'e P.v.d.A. nei foaren brocht. De hear Breeuwsma tinkt dat de measte minsken dy't it Frysk sprekke fan herten ûnderskriuwe sille dat it Frysk bliuwe moat. Mar der wurdt troch de ien as de oar wol oars tsjinoan sjoen. Dat hoecht net te bestjutten dat de ien mear foar it Frysk oerhat as de oar. De hear Renia hat begrepen dat it kolleezje in aktive rol spylje wol yn it fan'e grûn krijen fan in platfoarm foar it Frysk. Dat as in útbou fan it ien kear jiers oerlis dat de provinsje útsteld. Hy mient te witten dat it wurd "ynfieringsgemeente" net mear brûkt wurdt troch de provinsje. Underdiel A soe dus ferfalle kinne. Under B, sa stelt hy út moat sprake wêze fan in taalakti- vearjend interimbelied. As mar dúdlik is dat it kolleezje in aktive rol spylje wol yn it stâl jaan oan in platfoarm foar it Frysk. Op syn opmerkingen oer de punten under Taalfolgjend interim belied hat hy noch gjin dúdlik antwurd krigen. De voorzitter schorst voor overleg om 20.40 uur de vergadering. Hij heropent de vergadering om 20.55 uur. De foarsitter seit dat it kolleezje fan betinken is dat der net temjitte komme wurde kin oan'e winsken fan'e P.v.d.A. om te sprekken fan in taalaktivivearjend belied en om mear omtinken foar it Frysk yn it ûnderwiis en de kultuer. Dat kin net wiermakke wurde en dêrom wol it kolleezje ek net dy suggestje jaan. Wat de positive hâlding tsjin it Frysk oer oanbelanget kin der meigien wurde mar praktysk sjoen giet it no te fier en kinne de finansjele gefolgen net oersjoen wurde om mear te dwaan. m nflu 24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 26