-8- It moat bepraten wurde yn it platfoarm as troch de hear Renia neamd. It kolleezje is it iens mei it útstel fan'e P.v.d.A. oangeande it platfoarm foar it Frysk. Der wurd útsteld om yn it oerlis mei de provinsje en de oare gemeenten te bepraten hoe't it draachflak ferbrede en fergrutte wurde kin. Hy tinkt dat ek de earste ôfdieling dêr it goede plak foar is. Oangeande de notulearing fan'e ôfdielings hat de P.v.d.A. yn prinsipe gelyk mar it moat ek praktysk helber wêze. De polityk moat him rjochtsje op'e keunst fan it mooglike. It kolleezje hat wat de keunst oanbelanget in ferskil fan miening mei de F.N.P. It útstel komt der op del dat punt A net safolle mear om'e hakken hat. Punt B wol it kolleezje hanthavenje. De punten C en D en E bliuwe ek gelyk. De hear Renia docht it útstel dat der yn'e earste ôfdieling neigongen wurdt hokfoar mooglikheden der binne om nei ferienings en op dielterreinen gewoan Frysk brûkt wurdt. De foarsitter seit dat dat gjin problemen jout. Der wurdt hjir dan net doelt op it Frysk yn it bestjoerlik ferkear. Dit punt kin meinommen wurde yn it oerlis yn'e earste ôfdieling. Het voorstel van de fractie van de F.N.P. kan wegens onvoldoende steun niet in stemming komen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming, conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wordt geacht tegen de onderdelen A, B, D en E te hebben gestemd. 7. Voorstel tot wijziging van de onlangs vastgestelde Structuur- visie Akkrum-Oost. onderdeel weotracé Birstumerdyk. De hear Breeuwsma seit dat dit útstel hiel nuver by him oerkomt. Hy fynt it ünbegryplik dat sa'n grut achterlên opoffere wurdt oan'e rekreaasje. Der stiet dat men dat gebiet ôfslute wol fan Akkrum en dat der mar in fytspaad komme moat. Dit giet fiersten te fier. Hy wol dat it kolleezje dit útstel werom nimt en dat der earst ris mei de minsken praat wurdt. Hy freget wat der no eins it of rune jier bard is yn it oerlis mei Rykswettersteat. De hear Bethlehem seit dat der no al hiel gau in útstel ta wiziging fan'e Struktuerfisy komt. Hy hat begrepen dat dêr de druk fan'e tiid achtersit. Dat it kolleezje omt it oardel miljoen skeelt, keazen hat foar in eastlike buis hat hy begrip foar. Om it mar foar autoferkear of te sluten giet ek fier. As de Túntsjes weryndield wurde soe it belang fan it autoferkear der wolris oars út komme kinne te sjen. Syn fraksje fynt dat dit ûnderdiel wer yn'e ynspraak moat sadat alle partijen de gelegenheid hawwe mei te praten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 27