-11- Na gehouden stemming blijkt het voorstel met 12 tegen 3 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Van den Berg, Breeuwsma en Dotinga. 8. Voorstel tot het vaststellen van de structuurvisie Terherne. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje yn grutte halen akkoart giet mei it útstel. Hy wol lykwols wat taheakje oan wat earder allegearre al sein is. Dat is net bedoeld as krityk nei it kolleezje ta mar wol as in sinjaal om hoeden mei de fierdere planútwurking om te gean. Ut de diskusje mei de bewenners fan Terherne wurdt dúdlik dat der minder akseptaasje fan'e plannen is as dat út'e leste harksitting nei foaren kommen is. It kin de lju dy't krityk hawwe ferweten wurde dat se doe neat sein hawwe. Op 31 oktober hat der earder ynspraak west, der hawwe skriftlike réaksjes west mar it plan bleau sa't it wie. Alteast, dat wie it gefoel fan'e minsken dy't beswier hiene. De konklúzje fan dy groep is: wat foar doel hat it jins mûle iepen te dwaan as it dochs sa naait wurdt as it knipt is. It doarp Terherne sil net ûndersnije moatte yn plannen fan projektûnt- wikkelders. Dit plan is foars en yngripend en it hâldt it gefaar yn dat yn'e publykprivate gearwurking de private sektor de oerhén krijt. Syn fraksje achtet it fan belang de tagong ta de mar iepen te hâlden foar it publyk en dat der in oergong oer it wetter makke wurde moat nei Jongebuorren. Fan belang is ek dat de wegen en de wetters iepenbier tagonklik hâlden wurde. Datselde jildt foar de pier. As leste winsk libbet der yn Terherne dat der betelbere oanlisplakken bliuwe. Hy soe it hiel ferstannich fine dat de wethâlder der op oanstiet dat de iisklub en Pleatslik Belang harren leden byinoar roppe om in dúdlik stânpunt yn te nimmen oer de plannen. Oan't no ta is dat net bard en dêrtroch bliuwt der noch altiten in mistige waas hingjen oer de útfieringsmooglikheden. Hy tinkt dat hy der goed oan dien hat dit yn it omtinken fan it kolleezje te bringen. Foar it oare giet hy wol akkoart mei it útstel. De hear Oosterhof seit dat hy merkbite kind hat dat de stimming tsjin dy fan in pear jier ferlyn oer hielendal omslein is. De foarsitters fan Pleatslik Belang en de iisklub lieten hiele oare lûden hearre as de hear Van der Baan. Hy tinkt dat it plan oer't generaad goed yn Terherne telâne komt. Hy freget omtinken foar de sitewaasje run Akkerman. Der sil nei dy man dúdlikheid komme moatte, omt hy no nei alle kanten beheind wurdt yn de útfiering fan syn bedriuw. De hear Renia is it wol yn grutte linen mei de hear Van der Baan iens. Doe't it T.R.A.P.-plan oan'e oarder wie hat hy sein dat ek de befolking der goed by belutsen wurde moast. Hoewol't elk it der wol oer iens wie dat der wat barre moat roppe soksoarte plannen argewaasje op. Réaksjes wiene dan ek wol te ferwachtsjen. Gelokkich is der wol harke nei it doarp. De algemiene stimming op'e léste harksitting like posityf. m nav

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 30