-16- Frou Veldstra seit dat troch in preemje fan it ryk it no mooglik is de wurkleazens te ferleegjen troch it opsetten fan dizze banenpool. Wurkleazen krije sa de kans wer diel te nimmen oan it arbeidsprosesDe finansiering fan dit projekt komt tydlik út it werkgelegenheidsfûns en sil yn'e takomst as in strukturele post op de begrutting komme moatte. Fan'e mooglike dielnimmers út'e kollektive sektor is it grutste part posityf. Wat har fernuvert is dat de gemeente seis gjin mooglikheden sjocht om arbeids- plakken te kreëarjen. Om hokfoar reden dit is is sy net gewaar wurden. De F.N.P.- fraksje is fan betinken dat dit banenplan net ten kosten gean mei fan'e W.S.W. Minsken dy't yn in sosjale wurkpleats wurkje meie net ferdreaun wurde troch banenpoolers. Se freget oft it al bekind is of de subsydzje fan it E.S.F. takind wurdt. Ek is se nijsgjirrich nei eksperimenten fan banenplannen yn oare gemeenten. Har fraksje kin ynstimme mei it útstel en se winsket de Stichting Perspectief in protte sukses ta. Frou Santema seit dat dit útstel ta gearwurking yn'e Stichting Perspectief it slútstik foarmet fan alle regelingen dy't bedoeld binne om wurkleazen wer oan it wurk te helpen. Se freget oft banenpoolers yn itselde wurkgebiet sitte as Westergo. Is der al oerlis west. It liket har ta dat de gemeenten de útfierders binne en foar de koördinaasje soargje moatte. It binne ek de gemeenten dy't banen feilichstelle kinne troch bestjoerlik druk út te oefenjen sadat banen dy't W.S.W.'ers hawwe der ek foar harren bliuwe. Se wol noch oanrikke dat der gâns in stik underfining sit by Westergo. Lit Persepctief der gebrûk fan meitsje. De hear Velstra seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei it útstel. De opset om minsken in opstapke te jaan foar it finen fan in baan sprekt him oan. Der sil yn'e takomst om tocht wurde moatte dat de reguliere arbeid hjirtroch net ferdrongen wurde. Der bestiet eangst foar konkurrinsje mei de W.S.W. Net unterjochte omt de wurkterreinen elkoar oerlaapje. Misskien soe de administraasje ek by it W.S.W. ûnderbrocht wurde kinne. Ek soene banenpoolers ynwurkje kinne yn'e sosjale wurkpleats. De gemeente docht net mei oan'e banenpool. Hy fynt dat der nochris kritysk nei sjoen wurde moat. Hy hopet dat banenpoolers yn'e takomst trochstreame kinne nei de gewoane arbeidsmerk. Wethâlder Bloem seit dat ek it kolleezje bliid is mei dit útstel. Yn'e praktyk sil, nei alle foarwurk dat no dien is, noch bliken dwaan moatte wêr't de problemen sitte. It giet om minsken dy't alhiel net bemiddelber binne. Wat dat oanbelanget sille we mei de fuotten op'e grûn stean bliuwe moatte. Der sil goed sjoen wurde moatte nei trochstreammooglik- heden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 35