-8- Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het college voorstel besloten. 5. Voorstel om in te stemmen met de ontwerp-bearotina van het werkvoorzieninasschap "Noordwest-Friesland" Frou Veldstra freget oft it kolleezje oanjaan kin werom as it tal arbeidsplakken yn Boarnsterhim weromrûn is. Kin it kolleezje it ferskil yn kosten ek oanjaan tusken doe en no. Hat de gemeente net de taak en de plicht om sosjaal ferantwurdlik te wezen foar it wurkfoarsjenningsskap. Minsken dy't dêr wurkje hawwe faak net de kans om earne oars wurk te krijen. It fuortbestean fan dizze foars jenning soe sa't it no giet wolris yn'e knipe komme kinne. Frou De Boer fynt it tige posityf dat der foar dit en takommend jier 5 nije wurknimmers yn tsjinst nommen wurde kinne. It is spitich dat der noch net dúdlik is dat der koarten wurdt troch de Tuskenbalâns Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het zeer positief vindt dat het college iets in het werk stelt om mocht het nodig zijn het werkvoorzieningsschap in de gevolgen van de Tussen balans te laten delen. Wethâlder Bloem kin de fraach fan frou Veldstra net hielendal pleatse. It giet hjir om'e begrutting foar 1992 dêr't sprake is fan in útwreiding fan it tal plakken. De W.S.W. hat by guon wurksoarten deselde romte om yn te skriuwen as oare bedriuwen. Se tinkt dat dit net it plak is om útwreide yn te gean op itjinge frou Veldstra oansnijt. Se wol it wolris oan'e oarder stelle yn'e ofdieling. It kolleezje is it der mei iens dat de gemeente, dy't diel útmakket fan it skap ek seis safolle mooglik gebrûk meitsje moatte soe fan'e tsjinsten fan it skap. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot aanvaarding van de concept-bearotina van het Openbaar Lichaam Afvalverwijdering Friesland. De hear Veldstra seit dat syn fraksje der mei ynnommen is dat it taryf foar it G.F.T.-ôffâl ferlege is. Nei syn betinken moat no ek dúdlik makke wurde oan'e boargers dat it skieden opheljen fan smoargens leanet. Hy fynt dat de gemeente goed dwaande is as it giet om it jaan fan ynformaasje oan'e boargers. Syn fraksje kin him fine yn it útstel om de rintelêst fan'e 30.000.000,foar it iepenjen fan'e A.V.I. yn Ljouwert sichtber te halden op'e begrutting. De A.V.I. moat wat him oanbelanget ek net wer iepen. Op himsels is hy dus ek tsjin de reservearing foar de A.V.I. mar it O.L.A.F.-bestjoer hat oars keazen. Hast net ien sjocht ljocht yn it wer iepenjen fan'e A.V.I. mar dochs wie 2/3 diel fan it bestjoer foar iepening. Dat seit tinkt hy ek wol wat fan it bestjoer. Men moat ris oer de grinzen fan Fryslân hinnesjen en net miene dat men seis alles regele moat. 0112V 30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 10