-9- Miskien soe der wol in oare best joersfoarm foar it O.L.A.F. keazen wurde moatte. Mevrouw Van den Bera zegt dat de inwoners dan wel beloond worden voor het inzamelen van G.F.T.-afval. De belasting voor het verwerken van de restfractie gaat echter wel met 25,omhoog. Zij vraagt of de tijd er niet rijp voor is om in gesprek te gaan met andere gemeenten en het O.L.A.F. om ook voor de restfractie een gedifferentieerd tarief in te stellen. Want met de investering van 30.000.000,wordt wel de preventie en de herverwerking tegengehouden. De hear Van der Baan fynt it in begryplik útstel. Hy kin him yntinke dat de oare fraksjes krityk hawwe op it O.L.A.F. mar der moat net fergetten wurde dat wy diel útmeitsje fan it O.L.A.F. Syn fraksje sil akkoart gean mei it útstel mar oan'e kime leit al wer in nij útstel om fanwegen it dekkend meitsjen fan'e kosten it taryf te ferheegjen. De F.N.P. is tsjin dat útstel en hy fynt dat de kosten op in oare wize opfongen wurde moatte. De boargers betelje tefolle foar it gas, der binne behoarlike winsten fanút it gasbedriuw. Wat de konsuminten tefolle betelje sil dêrom weromjûn wurde moatte. Der soe yn 1991 in rapport gearstald wurde oer de totale proble- matyk, net allinne de belestingen. De suggestje is dien dat der in differinsjaasje komme moat nei rato fan it oanbeane ôffâl. Yn it antwurd waard doe sein dat differinsjaasje net mooglik is. Hy bringt it kolleezje yn it omtinken dat der gemeenten binne dêr't wol dif ferins jearde tariven binne. Hy hopet dat dat ek meinommen wurde sil yn it rapport dat dit jier noch ferskine sil. De hear Breeuwsma hat sterk it gefoel dat it wol slimmer oan wurdt mei it O.L.A.F.-bestjoer. Al earder hat hy der ris opmerkingen oer makke. It liket derop dat ek de P.v.d.A. no fynt dat der in oare bestjoersfoarm komme moat. De hear Veldstra seit dat syn fraksje wol tige te sprekken is oer de gemeentlike ferstjintwurdiger. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy beharket dat de rie him oer it generaal fine kin yn it útstel. De taryfsferheging fan 25, is mei te tank jen oan it feit dat by ús it skieden ynsammeljen fan it Sffêl sa fier is dat net yn alle gefallen fan it djoerste taryf gebrûk makke hoecht te wurden. Hy is bliid dat it G.F.T.- taryf no yn elts gefal kostendekkend is. It idee fan differin- sjaasje hat it kolleezje ek oansprutsen. Hy hat dat idee al twa kear yn it bestjoer nei foaren brocht mar it bestjoer sjocht noch gjin reden dêrop yn te gean. Fansels barre der yn it bestjoer wol dingen dêr't jo net achter steane sa as de weriepening fan'e A.V.I. Dochs is dat by mearderheid besluten. Wethalder Bloem seit dat it rapport oer de belestingproblematyk begjin juny yn'e ôfdieling behannele wurde sil. 0112V 31

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 11