-10- De hear Van der Baan seit dat de minsken dy't oerdei wurkje gjin kans hawwe harren grut ôffâl op de werf kwyt te reitsjen. Hy docht de suggestje dat de werf dan miskien ek op sneon iepen wêze kin. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy dy suggestje meinimme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel om het museum De Triie Griteniien op dit moment geen subsidie te verlenen. Frou Veldstra fynt it tige spitich foar de groep entûs jaste frijwilligers dat it kolleezje no mei dit ústel komt. It giet om in ienmalige subsydzje fan 17.000,om it musueum folslein of te meitsjen. Har fraksje fynt wol dat it museum as in minwaarfoarsjenning sjoen wurde kin. Dat it net út'e opbringst fan'e ferkeap fan Yn'e Lijte betelle wurde kin kin sy begripe. As alternatyf draacht sy oan dat út'e toeristenbelesting dy't no nei de algemiene middels giet 17.000,helle wurdt. Binne der ek noch mooglikheden yn de doelreserve. As wy pronk je wolle mei in stik kultuer yn ús gemeente sille we der ek wat tsjinoer sette moatte. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje ek wol fynt dat it museum dy 17.000,hawwe moat. Hy freget dêrom oan it kolleezje om yn septimber/oktober mei in geunstich útstel te kommen. De hear SBouma seit dat syn fraksje de suggestje fan de hear Bethlehem stipet. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het wel met het collegevoorstel eens is. Zodra er een goede dekking gevonden kan worden wil zij dat het besluit wordt heroverwogen. Wethâlder Nieuwdam beharket by de F.N.P. krityske kanttekens dat it kolleezje gjin subsydzje mear jaan wol. Mar it giet der om dat it kolleezje it útstel om subsydzje te jaan allinnich mar foarútskood. It kolleezje ferwachtet ek yn septimber/oktober in weroerwaging. Hy begypt net krekt hokfoar doelreserve frou Veldstra op tsjut. De hear Van der Baan tinkt dat hjir, krekt as by de Frankfurter Messe, de kultuer nei achteren skood wurdt. Hy fynt dat dit bedrach fan 17.000,alhiel net sa yngripend is dat it net betelle wurde kin. Syn fraksje docht it útstel út de doelreserve foar it mienskips- sintrum 17.000,foar it museum te heljen. Der wurdt jûn oer it besteegjen fan sa'n 7 as 8 ton besluten. Dan moat neffens him ek net swier tilt wurde oan mar 17.000, 0112V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 12