-12- Voorstel tot het vervaardigen van een bestemmingsplan voor het buitengebied van Boarnsterhim. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der wol tige mei ynnommen is dat der in bestimmingsplan bûtengebied makke wurdt. Yndertiid waard sein dat it ûntwikkeljen fan sa'n bestimmings plan en yn earste ynstânsje it lanskipsbeliedsplan 325.000, kostje soe. No wurdt praat oer 175.000,en hy freget him dan ek óf hoe't sokke bedragen ta stân komme. Hy fynt it ek frjemd dat der sa'n grut ferskil is tusken dy beide bedragen. Wurdt der no bygelyks minder útfierd of wurdt der aanst noch in oanfoljend kredyt frege. De hear Breeuwsma freget him of oft it planologysk buro sein hat oft it plan yn sa'n koarte tiid makke wurde kin of hat it kolleezje opdrûgen yn dy koarte tiid mei wat globale gegevens te kommen. Hy tinkt dat dat léste it meast yn'e beneaming komt. Eartiids duorre it 6 as 7 jier foardat in bestimmingsplan fêst- steld wie. De kosten wiene sa'n 6 as 7 ton foar sa'n grut gebied. Hy hat syn twifels of it sa kin as no útsteld wurdt. Der is earder mear bykaam dan dat it makliker en minder wurk is om in bestimmingsplan te meitsjen. Natuerwearden hiene bygelyks lang net de betsjutting dy't se no hawwe. De hear Bethlehem is wol nijsgjirrich nei de antwurden op de fragen fan de hearen Van der Baan en Breeuwsma. Syn fraksje fynt it in goed ding dat der in bestimmingsplan foar it bûtengebied komt. It bestimmingsplan fan it eardere Idaerderadiel is ek al sa'n 20 jier âld, dat fan Utingeradiel sa'n jier as 9 en yn Raerderhim wie der net iens in bestimmingsplan. Wethouder Aukes zegt dat het college nu eens met een voorstel komt dat voordelig uitvalt en dan blijkt dat de raad daar weer bedenkingen tegen heeft. Zij denkt dat toen er eerder gesproken is over een veel hoger bedrag er ook sprake was van een andere opzet. In de offerte die nu bij de raadsstukken ligt staat duidelijk wat er allemaal gaat gebeuren. Het wordt inderdaad een niet te gedetailleerd plan. Globaal en flexibel dat zijn de woorden waar het om gaat. De hear Van der Baan seit dat it hjir giet om de ynterpretatie fan "net te detaillearre"Hy freget dan oft de wethâlder genoch betrouwen hat yn sa'n bestimmingsplan. Hat de rie yn dit gefal foldwaande ynstruminten om dingen sa te regel jen as de rie wol. Op dit stuit geane de ûntjouwings yn it bûtengebiet in kant út dat it raast oan'e protters. Hy fynt dat de natuerwearden behâlden wurde kinne. De hear Breeuwsma tinkt dat in bestimmingsplan úteinlik sa globaal wêze kin dat it eins gjin bestimmingsplan mear is. Hy fynt dat der stribbe wurde moat nei in ridlike basis sadat ek net by eltse útsundering in hiele proseduere folge wurde hoecht. 0112V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 14