-15- Wethâlder Nieuwdam is bliid mei de algehiele ynstimming mei it útstel. Model 1 is net sa dúdlik útskreaun omt dat it model is dêr't no mei wurke wurdt. Hy kin him fine yn it feit dat der oangeande de fuortgong regelmjittich in evaluaasje plakfine sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 17Utstel om in iildlike bydraae beskikber te stellen foar de húsfestina fan de 4de groep learlincren fan de iepenbiere basis- skoalle "De Finne" yn Warten. Frou Santema seit dat der groei sit yn it tal learlingen oan'e skoalle yn Warten en dat kin fan'e measte skoallen yn Boarnster- him net sein wurde. Moai soe it wêze en bou fuortendaliks wat goeds, mar de gemeente sit oantangele mei alle regels as teldata ensafuorthinne. It is moai dat we no sa fier binne dat der in tydlike foarsjenning delsetten wurde kin. It wie in ûnhâldbere saak dêr't it personiel him dochs mar mei réden hat. Har fraksje kin akkoart gean mei it útstel. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 18. Utstel om in kredvt beskikber te stellen foar túnoanlis bv de J.H. Nieuwoldskoalle te Weroea. Frou Santema fynt dat by dit útstel ek de St. Martinusskoalle stean moatten hie, omt beide skoallen gebrûk meitsje fan it skoalplein. Sy tinkt dat foar de kosten dan ek in ferdielkaai makke wurde moat. It kreëarjen fan lijte foar de bern en foar de omwenjenden fynt sy in goede set. Wethêlder Bloem seit dat dizze dekking út'e post "reservearing iepenbier ûnderwiis" keazen is omt de Nieuwoldskoalle útwreide wurde sil. Dat wie de oanlieding om ek mei dizze túnoanlis te begjinnen. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. Frou Santema wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 19. Voorstel tot het verkopen van een perceel grond en het verlenen vaneen startbiidraoe ten behoeve van het realiseren van een zalencomplex te Grou. De hear G. Bouma seit dat earder de rie it unanym iens wie mei it ferassende útstel nei oanlieding fan it advys fan'e kommisje "Zaal 300" dêr't gjin gemeentlike bydrage yn'e eksploitaasje frege waard. No wurdt it oars. No wurdt net allinne frege de grûn te ferkeapjen sa as yn it útstel ferwurde is, mar der wurdt ek in eksploitaasjesubsydzje frege. Syn fraksje fynt dat dêrmei te fier gong wurdt en dat dit útstel yn tsj inspraak is mei it eardere beslút. 0112V 37

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 17