-4- 4Voorstel tot het beschikbaar stellen van een subsidie en het verlenen van een recht van opstal ten behoeve van de bouw van een kinderdagverblijf op een terrein aan de Pr. Schoustra- striitte te Grou. Frou Santema seit dat har fraksje de stichting in protte sukses winsket mei it opstarten en eksploitearjen fan it bernedei- ferbliuw. Sûnt 4 septimber 1990 hat de stichting grien ljocht jûn om de berneopfang te regeljen. Se tinkt dat der nei de Master Wielsmaskoalle ta wol mear oerlis wêze kind hie. Se freget oft der ek by oare skoallen sjoen is nei in gaadlik plak foar it bernedeiferbliuw. Hoelang wurdt de stichting rjocht fan opstal bean. Har fraksje is fan betinken dat der no ek mei it gastâlderprojekt begûn wurde moat. As de bern no goed opfongen wurde by bygelyks pake en beppe as by de buorfrou dan moat dat fansels sa bliuwe. Frou Veldstra seit dat har fraksje him dochs Sffreget oft it no keazen plak wier it goede is. Binne de mooglikheden wol goed tsjininoar ôfwûgen. It is spitich dat de frij lange tiid fan tarieding sûnt septimber net in konkreter plan opsmiten hat. Is der genôch romte as it bernedeiferbliuw útwreide wurde moat of as it gastâlderprojekt ek stâl krijt? De wenomjouwing klaget no al wolris oer oerlêst ûnder skoaltiid. As der bûtenskoalse opfang wêze sil is der nei skoaltiid ek mear drokte. Is der wol oan tocht. As de beide basisskoallen yn'e takomst gearwurkje as útwreidzje wolle stiet it bernedeiferbliuw harren dan net yn it paad. Har fraksje is fan betinken dat de lokaasje ten earsten fan'e Nijdjipskoalle (plan G) in bettere kar west wie. Yn't foarste plak om de geunstige lizzing yn'e nijbou mei in protte parkearromte en in bytsje ferkear. De wenomjouwing sil ek minder lest hawwe. It bestimmingsplan kin neffens har wol wizige wurde. Boppedat soe it terrein, dat der no nochal fertutearse byleit moai opknapt wurde. Se freget oft we rekken haldend mei de fakânsjeperioade net yn tiidneed komme sille om it bernedeiferbliuw op'e tiid te iepenjen. Sy fynt dat de stichting op mear meiwurking fan'e gemeente dan allinnich it jild en de grûn rekkenje moatte kin. Se winsket de stichting alle sukses ta. Mevrouw Van den Berg zegt dat er vanaf september 1990 is gesleuteld aan het realiseren van kinderopvang. Het gaat dan alleen om de huisvesting. Zij vindt dat dit voorstel ook wel een mededeling aan de raad had kunnen zijn. Uit de stukken blijkt dat het college zich alleen heeft georiënteerd op Grou. Dan nog blijkt dat er geen tijd was om de situatie met de betrokken school te bespreken. Er worden door de school (personeel en m.r.) een aantal punten naar voren gebracht die haar er aan doen twijfelen of dit de juiste lokatie wel is. Om niet de W.V.C.-subsidie mis te lopen moet er nu ineens onder tijdsdruk worden beslist. Uit de stukken blijkt niet hoe het college het gastouderproject denkt te starten. 0112V 26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 6