-5- Zij hoopt dat dit snel met de stichting wordt opgepakt, zodat meerdere dorpen kunnen profiteren van de kinderopvang. Ook zij wenst de stichting veel succes. De hear Veldstra seit dat syn fraksje op himsels wol akkoart gean kin mei de lokaasje. Hy tinkt ek dat nijbou it beste is ek wat de eksploitaasje yn'e takomst oanbelanget. Hy hopet net dat dizze lokaasje foar it bernedeiferbliuw in eventuele fúzje fan basisskoallen opkeare sil. Miskien kin der by de bou rekken hâlden wurde troch der bygelyks in demontabel gebou del te setten. De hear G. Bouma seit dat by him foaral spilet yn hoefiere de fierdere ûntjouwing fan it berne-opfangprojekt mar ek de eventuele fúzje fan'e basisskoallen yn Grou mei dit útstel op slot setten wurdt. It is bekind dat it tal learlingen yn'e takomst sakje sil. Tegelikertiid krijt de gemeente yn it ramt fan'e nije wetjouwing it foech om yn gruttere plakken skoallen te fusearjen sadat skoallen yn lytsere plakken bestean bliuwe kinne. Dy ûntwikkelingen binne no folie tichterby as foarich jier tocht waard. Ien skoalle tinkt al serieus oan in fúzje sa stiet yn it brief fan de m.r. te lezen. Hy wol graach witte oft in eventuele fúzje op dizze lokaasje noch te realisearjen is. In oar plak is neffens him net helber. Kin it net oars dan soe der by de ynbestimming foar soarge wurde moattte dat der genoch romte foar de basisskoallen oerbliuwt. Yn hoefiere is it mooglik, kwa tiid dat dat freget, in stik grien in oare bestimming te jaan. Wethâlder Bloem seit dat it fansels goed is jin te berieden op de fraach oft dit wol it goede plak is. De tarieding om ta dit útstel te kommen hat de nedige tiid koste. Se kin har yntinke dat minsken sizze dat it op't lest dan noch wol even hiel hurd moat. Dat hat te krijen mei it feit dat der dit jier begûn wurde moat mei de bou fan in bernedeiferbliuw om yn oanmerking te kommen foar de W.V.C.-subsydzje. In eardere opsje, de ferbou fan in âld gebou koe net trochgean. Systeembou kin wol bliuwe binnen it bedrach fan 228.000, ûnder de betingst dat de grûn neat kostet en der in geskikte bestimming op leit. Der binne in tal lokaasjes besjoen en der is dizze útkaam. It is ek in soarch fan it kolleezje om de belangen fan'e skoallen te behertigjen. Op dit stuit binne de plannen foar it basisûnder- wiis noch net sa útkristaliseare dat der al sein wurde kin dat hjirtroch in fúzje opkeard wurde soe. As der ek finansjeel mear dúdlikheid oer is kin besjoen wurde hoe't dy fúzje realisearre wurde moat. Se tinkt net dat dit plan oan'e Dr. Schoustrastrjitte it iennichste plak is. Der is yn'e foarpetearen ek wol oer Akkrum praten mar de foarkar gong dochs út nei Grou. Der is yn'e plannen rekken halden mei in útbou foar in kantoar foar it gastâlderprojektOan in fierdere útwreiding fan it bernedeiferbliuw wurdt noch net tocht, dat is dochs wol hiel fiere takomstmusyk. 0112V 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 7