-6- It soe tinkt se de nedige tiid kostje en beswieren oproppe om oan'e Nijdjipstrjitte te bouwen. It kolleezje hat keazen foar wat it gaust te realisearjen is. It is noch de fraach oft bûtenskoalse opfang allinnich yn Grou moatte soe of dat dat mooglik ek yn oare doarpen kin. Foar de wenomjouwing is it allinnich mar in kwestje fan wennen as der ek nei 4 oere bern binne. It kolleezje realisearret him dat der te min tiid west hat om de plannen út en tenei mei de M.W.S. te besprekken. Wethouder Aukes zegt als het terrein naast de Nijdjipskoalle gebruikt zou moeten worden er eerst een voorbereidingsbesluit moet worden genomen. Een bouwvergunning kan dan met artikel 19 worden aangevraagd. Er kunnen echter ook bezwaren worden ingediend waardoor realisatie wordt opgeschoven. Op z'n vroegst kan dan in september/oktober met de bouw worden begonnen. Er is bijvoorbeeld ook nog het terrein waar It Roefke stond en waarvan de bestemming dus niet veranderd hoeft te worden. Het probleem daar is de boekwaarde van de grond. Frou Veldstra freget oft de mooglikheid foar de lokaasje by de Nijdipskoalle echt wol ûndersocht is. It kolleezje tinkt dat der beswieren komme sille mar dat jildt tinkt se ek foar it terrein oan'e Dr. Schoustrastrjitte. Har fraksje kiest hiel dúdlik foar de lokaasje by de Nijdjip skoalle Mevrouw Van den Berg denkt dat de voorbereidingen voor een andere lokatie voor een gedeelte toch gelijktijdig kunnen oplopen. Zij vraagt zich af of er als kindplaatsen worden opgevuld met buitenschoolse opvang wel genoeg ruimte is. De hear G. Bouma tinkt dat in fúzje wol folie oannimliker wurdt as eartiids tocht waard. De lokaasje, as it op fúzje oankomt, stiet wol fêst. It terrein It Roefke komt sjoen de opmerking fan'e wethâlder dêroer, net yn'e beneaming. Foar him spilet wol de alternative lokaasje dy't ek gjin jild kostet. Hy kin him sjoen de lizzing fan dat terrein oan'e Nijdjipstrjitte net yntinke dat dat beswieren opsmite sil. Hy fynt dat de proseduere opstarten wurde moat om de bestimming oan'e Nijdjipskoalle te feroarjen as needklep. Wethâlder Bloem tinkt dat der dochs te licht tocht wurdt oer it feit dat der noch op'e nij tocht wurde moat oer in nije lokaasje en oer it opstarten fan prosedueres. It kolleezje tinkt dat de lokaasje oan'e Dr. Schoustrastrjitte in goeden ien is. Beswieren dy't der mooglik komme kinne maklik werlein wurde omt de bestimming/it gebrûk hast krekt gelyk is. Foar in goede start fan'e berneopfang is it ek wichtich dat no sein wurdt hokfoar plak útkeazen is. It bliuwt by in eventuele fúzje ek noch de fraach hoe grut de nije skoalle krekt wurde sil. Se seit ta dat by de pleatsing fan it bernedeiferbliuw goed nei it krekte, definitive plak dêrfoar sjoen wurde sil. 0112V 28

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 8