-7- Se hat seis de gedachte dat it hiel bot de fraach is of bûtenskoalse opfang realisearre wurde moat yn in plak as Grou. Se kin har hiel goed foarstelle dat it keppele wurdt oan oare aktiviteiten yn it ramt fan it jongereinwurk en dat dy akkommodaasje brûkt wurde sille. Der wurdt oan'e Stichting foar 30 jier rjocht fan opstal ferliend. Op verzoek van de hear G. Bouma schorst de voorzitter om 20.30 uur de vergadering voor nader overleg. Hij heropent de vergadering om 20.50 uur. De hear G. Bouma seit dat dúdlik wêze moat dat it belang fan it bernedeiferbliuw net yn it geding is. De diskusje giet der oer yn hoefiere oare belangen, dy't te foarsjen binne ûndersocht en meiweage wurden. Hy docht it útstel om by it letter te nimmen tariedingsbeslút foar Meinga alfêst rekken te halden mei de bou fan in bernedei ferbliuw oan'e Nijdjipstrjitte. Dan kin, as de tekeningen ree binne op koarte termyn de bou-oanfraach publisearre wurde. Dan kin ek direkt oerlis plakfine mei de omwenjenden. Hy tinkt dat der gjin beswieren komme sille en dan kin op in folie koartere termyn úteinsetten wurde. Hy wol graach dat ûndersocht wurdt hokker kant fan'e Nijdjipskoalle, de east- as westkant, it best geskikte plak is. Frou Santema tinkt dat as skoallen fusearje it learlingetal meastal lytser wurdt. Sy wol graach dat der ek tocht wurdt oan in mear fleksibele foarm fan bouwen oan'e Dr. Schoustrastrjitte bygelyks kontenerbou, sadat skowen mei lokalen mooglik is. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het voorstel van de heer G. Bouma steunt. Wethâlder Bloem hat begrip foar it feit dat der soargen binne foar de takomst. Se hat der lykwols muoite mei om no hiel flug te kiezen foar in oar plak. Utgeande fan it plan oan'e Dr. Schoustrastr jitte sil it kolleezje net swier tille oan it oernimmen fan'e romte fan it bernedeiferbliuw as it op in fúzje útrint. Se wol net sa fier gean dat der in fleksibele opstal komt. De Stichting kriget rjocht foar opstal 30 jier en foar harren sekerheid is it better dat dêr net te folie ûnwissichheid bestiet yn ferbân mei lieningen ensafuorthinne. De voorzitter zegt dat eerst over het voorstel van de heer Bouma zal worden gestemd om de mogelijkheden te onderzoeken aan de oost- of westzijde van de Nijdjipskoalle. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 9 tegen 7 stemmen te zijn verworpen. Voor hebben gestemd de leden G. Bouma, Breeuwsma, Dotinga, Van den Berg, Oosterhof, L. Veldstra en Van der Baan. 0112V 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 9