-12-
VQorsteltothetbeschikbaar stellen van een krediet voor de
vervaardiging van de structuurvisie Grou-Noord.
De hear Breeuwsma seit, wy hawwe hjir wakker nei sitten te
sjen. In bestimmingsplan en dat beslagt it "bedrijventerrein
Biensma, recreatieoord Yn'e Lijte, het gebied de Burd en het
woongebied Meinga". Binne jimme no net in bytsje drokachtich
dwaande mei dit soartte dingen. Want it is nammentlik sa, wy
hawwe in fisy op Meinga. Dër wurdt aanst ek wer in beslút oer
nommen. De Burd, it liket my net sa goed ta, der no planologen
op los te litten. Lit der earst mar ris dúdlikheid wêze hoe't
men no eigentlik, sawol fan'e provinsje as fan L.N.O. mei it
gebiet om gean wol. Lit no samar net in planoloog dêr wer nei
hertelust in filosofie oer opbouwe. Lit der no earst ris in
kear dúdlikheid wêze, hoe't it is.
It rekreaasjeoard Yn'e Lijte, no de namme alinne al seit je in
soad fraachtekens. Ik tocht dêr moat ek earst mar ris
dúdlikheid komme wat der no te barren stiet. Biensma dat is sa
lang al yn proseduere, en om no dy hiele hannel yn ien kear te
beflappen. No hawwe jimme wol leuke hannel dien en sizze dat
kin foar mar 30.000, Dan is 30.000,altyd noch te
folie. Begjin no asjeblieft net yn dizze "wir war" fan saken,
en lit dêr planologen op los, want ja natuerlik, it is de
minske harren wurk, en dy ha wol aardichheid om dêrmei te
begjinne. Hjir binne noch safolle ûndúdlikheden en
fraachtekens. Doch it dan asjeblieft by dielplannen dan kinne
se letter altyd nochwol yn inoar skood wurde. Dit wurdt in "wir
war" en in gegûchel, dêr't jimme seis aans net mear fan wiite
hoefier jimme hjir mei binne. Dat ik ried jimme echt oan, doch
dit net. Dit wurdt in ellende. Der bin sa'n soad einen dêr't
jimme noch gjin antwurd op hawwe, dêr't in planoloog altyten in
antwurd op hat. Want as dit net slagget hat der aanst wer in
oare offerte. Dit kin net.
De hear Oosterhof seit, wy hawwe dit wiidweidich yn'e 4e
ôfdieling besprutsen, doe wienen wy hjir wol foar. It is dochs
in gebiet dêr't de koiranende jierren hiel wat te barren stiet.
It is gjin bestimmingsplan mar in struktuerfisy. Je kinne in
fisy jaan, hoe't men dit yn'e takomst sjen kin. Men kin it wer
bystelle. Ik bin it mei de hear Breeuwsma iens, dat as
planologen dêroer begjinne, dan is it ein fuort, mar dat sil
wol wat meifalle. De Burd stiet hjir op dit stuit noch net by,
dat moatte we ôfwachtsje hoe't dat komt, dat is in tsjienjier-
replan, dat stiet ek yn'e rapporten. Mar it is wol in goeie
saak dat hjir ris in fisy komt hoe't aanst in Grou-Noord komt.
Ek aanst Yn'e Lijte, mar ek as de wenningbou yn Meinga fol is,
wer moatte wy dan hinne.
Hoe tinke wy dan oer Grou-Noord.
Us fraksje stiet der wol efter om hjir ris in fisy foar te
meitsjen en der 30.000,oan te besteegjen.