-5-
Want as jo doaprsfernijing hawwe, moat jo einliks besykje om de
besteande wenningen sa goed mooglik yn stân te halden, it byld
in stân te hâlden en net oan te keapjen foar kaalslach.
Hy wol dochs no wol efkes opmerke, dat dit in hiel âld ferhaal
is. Dêrom kin it wol yn oerienstimming wêze mei in beslút nommen
yn 1984, mar it is úteinlik sa dat wy in hiele oare sitewaasje
krigen hawwe, nei dat de diskusje fierd is oer de rânewei.
Wethouder Aukes constateert dat deze plannen passen in de
sanering van de Rijksweg uit het dorp, neergelegd in het dorps
vernieuwingsplan.
Tevens heeft de werkgroep dorpsvernieuwing ingestemd met deze
aankopen.
De hear Breeuwsma seit, dat hy dit graach oannimme wol, mar it
beslút is doedestiids op hiele oare grûnen nommen. Dit is doe yn
it ramt fan'e kaalslach nommen. Hy freget him óf, oft men no net
foarby giet oan doarpsfernijing en oan it opkrikken fan'e
wenningen dy't al bestean. Dit is beslist net de taktyk dy't men
hjoed brûkt. Hy fynt it wol aardich dat men seit dat it past
yn'e plannen, mar globaal sjoen past soks net yn'e plannen.
Wethouder Aukes zegt, dat het wel past in de huidige plannen.
Het heeft te maken met de verbetering van de woonomgeving.
3Regelingen Stadsgewest.
De hear Van der Baan seit, dat hy tocht dat de regelingen fan it
Stêdsgewest, yn wezen in fiergeande oerienstimming ynhâldt oer
de takomstige ûntjouwing fan Ljouwert, mei it grutte gebiet
derom hinne. Dy fisy is troch ús allegearre ûnderskreaun. Doel
is om wen- en wurkomjouwing tige te ferbetterjen mei help, fan
faak Europeeske en oare fûnsen sa't wy dat dan wolle.
Doe yn dy tiid binne der opmerkings fallen yn'e ôfdieling. We
witte noch, dat wine opmerkings oer de blauwe zóne, de Burd en
Warten. It opfallende wie doe, dat dy net neamt binne yn'e
úteinlike nota.
No is it sa dat wy hjirre dizze regeling oangeande foar fjouwer
jier. We binne dus yn steat om nei fjouwer jier, as wy dat
wolle, dat te beëindigjen.
No stean ik der net op oan omdat te dwaan, mar it is wol sa dat
nei fjouwer jier dus eins in punt komt werop wy ús op'e nij ris
besinne moatte oer hoe hat it ús foldien.
Hy soe einliks útstelle wolle, om nei fjouwer jier net sûnder
mear te sizzen fan "no jongens dat wurdt, sûnder dat wy
meiïnoander praat hawwe, sa ferlingd". Hy soe útstelle wolle om
earst nei fjouwer jier te evalueren en nochris bes jen hoe
foldocht it ús, eart wy dus sa stilswijend de saak wer ferlinge.
0120V 5