-24-
De hear Rgnia seit, ik bin wol aardich wiis mei alle wurden dy't
de wethâlder sprutsen hat. Mar ik moat dochs der fuort noch
efkes by opmerke dat de wethalder begong is mei te sizzen dat
h^ir harke wurdt nei de ried* Om mei de opmerkings dy't hjir
út e ried konuneit konkrete ferhaal, it komplete bestjoersplan,
mear stâl te jaan. Ik tink dan ek dat it goeie saak wêze sil om
hjir dúdlike utspraken te kommen. Je kinne fansels wol in
mooie kop meitsje en derûnder dan wer ferskillende saken wat
fersluierje of oarsom.
Ik tink net dat de minsken fan Elf+ ©u de oaren dy't derby
belutsen binne dermei tsjinne binne. Ik tink dochs dat dizze
ried wat in wei oanjaan moat. Ik begjin mar efkes fan boppe óf,
itselde rychje by del as de wethâlder. Ik bin wiis mei it
oernimmen fan it yntegraal miljeubelied as yn ien fan de doel
stelling© yn dizze gemeente. Der kin ik allinnich mar posityf
oer wêze. Nei de oandachtspunten ta.
As it sa is dat wat hjir stiet ûnder "pulserende overheid" oars
net bedoeld is as it wer-itigjen fan de taken fan de gemeente op
periodike basis, dan kinne wy der fansels mei akkoart gean. Ik
moat út'e wurden fan'e wethalder begripe, dat dat sa bedoeld is.
Sa't it hjir yn it stik stiet, is it hiel wat oars. Ja, ik moat
dudlik wêze, ik sis it mar efkes. As dit de yntinsje is, dan
siHe wy ús hjir fierders net tsjin fersette. Ik hie dêr dan
leaver in wat bettere omskriuwing hawwe wollen.
Punt b.
Ja, dat bliuwt fansels slim. It stiet der sa as it der stiet en
sokke kreten begjinne gewoan in eigen libben te lieden, dy
moatte wy dêr net stean litte. Ik tink dat wy der gewoan
delsette moatte wat wy foarsteld hawwe. Ik hâldt der foarlopich
ek oan fêst. De wethalder hat wol sein dat de tagonklikheid
waarborgd wurdt en dat we fansels oan in sekere mate fan kosten-
dutsenheid net ûntkomme kinne. Nee, bést!
Ik wol dan mar gewoan útstellen bliuwe dat it útgongspunt wêze
moat de tagonklikens fan faorsjennings foar sa folie mooglik
boargers, dat it draachkrachtprinsipe dêr in rol by spylje kin
en yn ús opsje seis spylje moat. Wy moatte by bepaalde saken net
by útslute dat it kostendutsenheid-prinsipe hantearre wurdt. It
is presies sa as ik miis sein ha, ik hâldt it foarearst noch
fêst.
In minimabelied binne wy net tsjin, mar de problemen dêrby ha ik
ek al oanjûn. Hoe fiere jo dat út. Hoe berikke jo de minsken
krekt boppe de grins. It giet net allinne om minima. It binne
net allinne minima dy't bekind binne by Sosjale Saken dy't yn'e
ellinde telône komme.
It binne ek de minsken dy't mar in gewoan leantsje fersjinje en
dy t konfrontearre wurde mei in hierferheging fan 25% yn fjouwer
jier, mei djoerder iepenbier ferfier, mei as de "klant betaalt"
hjir troch gean soe, folie djoerder foarsjennings yn dizze
gemeente, mei reini- gingsrjochten, dy't omheech geane, mei
rioelrjochten dy't omheech gean.
Sjoch as jo dan in minimabelied fiere wolle, dan moatte jo wol
witte wat jo dogge, want it is in drege matearje. Derom tinke wy
dat úteinlik sa min mooglik nedich wêze moat. Dan is it ek sa
maklik mooglik yn'e útfiering.