-35-
De hear Breeuwsma seit, dan bin ik ferkeard ynljochte. Ik woe
der wol dúdlikheid oer ha. Ik fyn gewoan dat men hjir in bytsje
op'e saken foarút rint. It kin noch sa nedich wêze, ik bin it
mei de hear Oosterhof iens - mar it hat it belied ek altyd west
fan'e gemeente om dat op in bepaald stuit te ferkeapjen -, mar
ik fyn dat wy hjirmei oan it oare jier ta wachtsje moatte. Wy
moatte net hieltyd mei dat hapsnapperige begjinne, dan wurdt
hjir wat weihelle en dan wurdt der wat weihelle. Der wurde
hieltyd bepaalde potsjes brûkt. Dêr moat men ris in kear mei
ophâlde. Want wy hawwe totaal gjin sicht mear op prioariteiten
dy't der lizze. Dan komt der mar wer wat út'e loft fallen. Dan
moatte wy der mar wer yn meigean of net yn meigean. Dêr wurde jo
dan foar steld. It is net in prioariteitelist wat nedich oan bar
is, nee, der wurdt wer efkes it ien of oare laadtsje iepen lukt,
fan dêr sil ek noch wol wat yn. Ik bin it der gewoan net mei
iens
De hear Van der Baan seit, wanneart it sa wêze soe, dat dy
300.000,dy't wy foar it ûnderhâld hawwe, dit jier net
tarikkend is, dan soe ik sizze dan wachtsje wy mar. Wy begjinne
no yndied, wer op alle mooglike wizen jild hjir en dêr wei te
tsjoenen foar saken dy't op dit stuit ek net sa'n hege prioari-
teit hoege. Ik kin it my net foarstelle, mar dêr bliuw ik dan
fierder mar óf. Mar ik fyn it bedrach fan 300.000,foar it
ûnderhâld fan'e Rykswei, de brêge en dy wente wol sadanich dat
ik sis dat moat dan, as it dit jier net kin, it takom jier
sûnder mear wol kinne. Want it binne geweldige bedragen en dan
sis ik, dat moat mooglik wêze.
Hjir bin ik yn alle gefallen op dit stuit, poer op tsjin.
De voorzitter zegt, wij waren het er allemaal over eens dat het
wel moest gebeuren. Daarom heb ik dat zo aan u voorgelegd. Maar
wij zijn nu verdeeld over de wijze van financiering. Kijk als de
heer Breeuwsma zegt, je moet dit niet zo incidenteel aanpakken,
en nu een willekeurig potje pakken als rentevoordeel op de
randweg dan zeg ik, nou goed dan kunnen wij ook wel met z'n
allen afspreken dat je het uit de reserve doet. Als dat op
minder weerstand stuit, dan denk ik nou ja dan is het in wezen
vestzak-broekzak". Wat de heer Van der Baan zegt, is natuurlijk
meer van principiële aard. Ik denk dat hij niet beseft, de
lengte van de weg en kan wel zeggen 300.000,is een hoop
geld. Dan zeg ik ja accoord, maar je praat ook over een weg die
loopt vanaf de brug tot aan Reduzum. Over dat stuk weg praat je.
Nou dat is toch een aantal kilometers. Dan is het natuurlijk erg
gemakkelijk om te zeggen dat moet voor die 300.000,kunnen.
Als de dienst zegt, dat het geld te weinig is, dan neem ik dat
aan. Dan moet u niet zeggen, dat moet altijd kunnen. Althans
zonder dat dat onderbouwd is. Dus daar word ik niet zoveel
wijzer van, als u dan zegt dan doe ik het maar niet dan kan het
volgend jaar wel. Dan zeg ik, dat snijdt dus geen hout.
m 2nv