-39-
Ik tink dat wy sa'n Hobbywurkpleats ek rjocht dogge, wannear't
wy yndied, en dat is no oardel jier letter, ris oanjaan sille
wat wy no fan harren fine. Dat mjitten fan "wat fine wy no fan
harren", dat kin fansels in subjektyf gegeven wêze. Temear
wannear't yn it ferline troch net ien fan'e partyen oanjûn is
wat de kondysjes foar de libbensfetberhied binne. It kolleezje
is yn dizzen, nei oardel jier sjoen ek de rapportaasjes en
dergelike, fan miening dat der wis wol libbensfetberens is foar
de Hobbywurkpleats. Dat yn dy sin binne wy dus as kolleezje, der
wol út. As je op dat stuit dat punt benadere hawwe, dan sille jo
ek fierder wurkje moatten oan dingen dy't jo yn it ferline ek
nei dy groep ta, yn it foarútsjoch steld hawwe. It is ek al
efkes troch de fraksje fan'e V.V.D. sein: yn wêzen is dit sa dat
it wurk fan'e Hobbywurkpleats op himsels gewoan ynpast is yn'e
oardering fan it Sosjaal Kultureel Wurk. Der is gjin inkeld
probleem mei. Yn it riedsútstel april 1990, hawwe wy dêr hiel
dúdlik in oanset ta joen. Dan giet it der dus om binne jo it dêr
prinsipieel mei iens, ja of nee. Sizze jo fan nee, lit mar, dan
fyn ik dat jo hjir te maklik sizze fan "net it goeie momint, wat
dogge wy allegearre". Ik fyn dat wy nei de groep ta, de minsken
dy't harren ridlik goed ynsette foar dy wurksumens dêr, fan de
ried út hiel dúdlik wêze moatte. En dan mar gewoan sizze wat wol
ik einliks mei dy groep. Ik fyn it net korrekt om de saak no wer
op de lange baan te skowen.
Ik wol nochris pleitsje foar de tri je aktiviteiten dy't mei it
utstel anneks binne; it opnimmen fan dy aktiviteiten yn't
Sosjaal Kultureel Wurk, oangeande de ynfentaris, de saak oer te
dragen en om ek de subsydzje dy't allinne mar foar harren
bestimd wie, no oer te dragen.
Mevrouw V»n den Berg zegt, wij stellen zeker niet ter discussie
de inzet van de mensen, absoluut niet. Maar dit rechtvaardigt
ondanks dat het het wel of niet opneemt in het Sociaal Cultureel
Werk om dan tevens de inventaris en tevens dan ook nog het
bedrag van 8.200,beschikbaar te stellen. Het heeft totaal
niets te maken met deze besluitvorming wat wij doen met andere
groepen.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
De fractie van het C.D.A. wordt geacht tegen te hebben gestemd.
20Voorgtglvaststelling van een overzicht inzake huisvestings
voorzieningenvQprde openbare en bi-izondere basisscholen in
Boarnsterhim voor het tijdvak van 1993 tot en met 199S.
Mefrou DgBoer seit, ik hie oangeande it útstel in fraach. Ik
hear geruchten út De Haach dat der in boustop komme sil. Is dêr
al wat fan bekind, bart dat of wurdt dat gewoan meinaam.
Wethâlder Bloem seit, ik moat earlik sizze dat ik de Troanrede
noch net bestudearre ha. Dus wat der mooglik yn ferstoppe sit,
dat wit ik dus net. Wat ik wol wit, is dat, en dat giet dan oer
dy boustop, der wurdt hiel serieus tocht om in boustop yn te
fieren.
Hl 9HT7