-8- De hear SBouma fynt dat der noch hyltiten in protte jild op it grûnbedriuw talein wurde moat. Syn fraksje is fan miening dat slutende eksploitaasjes tige wichtich binne. Hy is tige benijd nei de effekten fan'e maatrigels dy't de accountant útstelt. Yn it omtinken bringt hy in aktyf ferkeapbelied. It liket him goed dat dêrta ûnder oaren kontakt socht wurdt mei makelaars en projectûntwikkelers. De hear Renia tinkt dat it grutte ferlies sit yn alle bougrûn yn'e ferskate doarpen. Oeral in lyts stikje sadat der dochs boud wurde kin as der om frege wurdt. Hy freget him of oft dat yn dizse tiid noch wol kin en as jo it sa wolle sil jo der rekken mei hélde moatte dat it grûnbedriuw net sûn wêze kin. Mevrouw Van den Bercr zegt dat het grondbedrijf nog lang niet uit de financiële zorgen is. Zij hoopt dat het college de opmerkingen van de accountants ter harte neemt. Zij adviseert met klem om structureel een agressiever beleid te voeren bij de verkoop van grond en waar het kan soepel om te gaan met de te stellen voorwaarden. Als er meer bedrijven worden binnengehaald zal dat op lange termijn financieel voordeel inhouden. Wethalder Bloem seit dat sy de soarch oer it grûnbedriuw dielt. It is goed dat de rekken no al fêststeld wurde kin. It is in sinjaal om alles ris goed op in rychje te setten. It kolleezje docht op dit stuit gjin útstellen. Der kin fansels filosofearre wurde oer de oarsaken. It spruts har tige oan dat de hear Van der Baan sei dat wy der mei syn allen oars mei omgean moatten. Foar in grut part hat it risseltaat fan'e rekken te krijen mei it feit dat ferliezen akseptearre binne omt it wichtich fûn waard dat yn in bepaald doarp boud wurde soe. Ek by de yndustryterreinen sil altiten goed it risiko dat run wurdt yn it each hâlde wurde moatte. Oer datsoarte aspekten sil praat wurde moatte om oplossings te kiezen. Is it de fraach oft in grûnbedriuw weroer bepaalde, út maatskiplike as politike oerwagingen besluten nommen wurde wol sûn wêze kin. Se wol oer de strukturele en prinsipjele kant fan'e saken earst yn'e 2e en 4e ôfdieling prate. Dêrnei komt it kolleezje mei in útstel yn'e rie. Wethouder Aukes zegt dat de kwestie van de brug waar de heer Van der Baan op doelde al jaren geleden gespeeld heeft. De F.N.P. was daar, zoals bekend, kritisch over. Zij kan nu alleen maar constateren dat het zo gebeurd is. Hele discussies daarover lijken haar niet zo zinvol. De hear Van der Baan fynt wol dat hy antwurd hawwe moat op syn fraach oer de brêge. Dat hoecht net direkt mar it moat der wol komme. Hy bliuwt it noch hyltiten in frjemde saak finen dat de brêge dy't foar âld izer fuortdien is no wer yn goede steat is en brûkt wurdt. 0124V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 10