-13- Der kin sa tawurke wurde nei in eventueel oare behearssitewaasje. Yn'e léste le ô£dielingsgearkomste is hy derfan skrokken dat de le fase oan'e Marswei aardich djoerder wie dan begrutte. Hy is bliid dat der ynkoarten neiere ynformaasje jûn wurde sil. It makket him wol wat skruten oangeande dizze twadde fase. Syn fraksje giet út fan'e sifers sa't dy hjir neamd binne en wêryn mei alles rekken halden is. Hy wol graach de tasizzing fan it kolleezje dat as boppe de begrutting gien wurdt de rie direkt ynformearre wurdt. Hy is bliid dat foar it oardel jier lyn neamde bedrach dochs noch dizze foarsjenning makke wurde kin en dat de B.T.W.- ferplichting op'e selde wize as yn'e earste fase ferrekkene wurde kin. Syn fraksje hopet dat de provinsjale subsydzje der ek seker komt en der liket it wol op. Hy twifelt noch wol oer it bedrach fan it mindervaliedentoilet. Hy har heard dat dat bedrach alinne mar oan in feriening as stichting ferliend wurde kin. Der sil in konstruksje foar betocht wurde moatte as de provinsje sil om in hegere bydrage frege wurde moatte. Omt it mindervalidentoilet in £oarsjenning is foar it hiele doarp it hiele jier troch soene ek de ferienings om in finansjele bydrage frege wurde kinne. Yn Terherne is de ûnderfining opdien dat by in mindervalidentoilet ek in alarmearingssysteem heart. Hoe sit dat hjir. Hy tinkt dochs dat de ynsjoch by dizze foarsjenning wol erch grut is. Hy stelt út dat fia de bestrating as fia in skot de ynsjoch beheind wurdt. Syn fraksje giet akkoart mei it frege kredyt en it tariedings- beslút. De hear SBouma seit dat syn fraksje ek wiis mei it útstel is. Der sil echt oppast wurde moatte dat binnen de begrutting bleaun wurdt. Seker as der net in goed bestek is. De hear Van der Baan hat wol wat in ambifalint gefoel by dit útstel omt der blykber wol in begrutting is mar net in echte kalkulaasje. It jout him it gefoel dat dit útstel op driuwsân stiet. As syn fraksje akkoart gean wol moat der in tasizzing dien wurde dat der in goede kalkukaasje komt. Hy is tige te sprekken oer de útfiering oangeande de beheinden. It is spitich dat der oan'e Marswei net oan tocht is. Dat is mei it gefolch fan it feit dat der noch net in ynklusief belied is wat de beheinden oanbelanget. Yn hoefiere kin der feilich fanút gien wurde dat de provinsjale subsydzje der komt. Kin it kolleezje ek garandearje dat it fûns Yn'e Lijte tarikkend is. Foar de ynsjoch kin fêst mei fantasy in bettere oplossing fûn wurde. De hear Breeuwsma fynt it spitich dat it earste part fan'e foarsjennings oan'e Marswei út'e hân run is. Hy giet der no fan út dat binnen it budzjet bleaun wurde kin. 0124V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 15