-6- Alle oerskotten hoege ek net perfoast yn'e algemiene reserve te belânjen. De ferantwurding foar it fierde belied en de tasizzingen kin hy mei ynstimme útsein it punt yntegrale ûntwikkelingsplan iepen lof trekreaas je. Hy fynt dat dat noch mei foar rang oppakt wurde moat. Hy freget it kolleezje de mooglikheden te besjen om it bûten- gebiet en de lytse doarpen dy't dat noch net binne op'e kabel oan te sluten. Mefrou Veldstra fynt 3 ton boppe de begrutting foar O.W.R.O. in hiel heech bedrach. As der maatregels nedich binne om wurken út te fieren kin it net oars dan dat der in útstel nei de rie ta giet om in ekstra kredyt. De wize wêrop it kolleezje de ûntstiene sitewaasje oplosse wol is har net dúdlik. Sjoen it negative risseltaat fan it grûnbedriuw soe se har yntinke kinne dat it saldo alhiel as foar in part reservearre wurdt foar de kommende tekoarten op it grûnbedriuw. Se twifelt deroan oft it ferstannich is it reservebedrach foar it bestjoersplan te ornearjen. De hear Velstra fynt dat de gemeenterekken 1990 moai op'e tiid en goed lêsber is. Hy hat der begryp foar dat O.W.R.O. it meast boppe de begrutting gien is omt dizze tsjinst ek de heechste koartingen oplein krigen hat. Syn fraksje ferwachtet dan ek dat yn it V.M.A.-ûndersyk dizze saak rjochtlutsen wurdt. Hy kin him ek yntinke dat troch praktysk te wurkjen jild oars bestege is as bedoeld wie. Bliuwt O.W.R.O. boppe de begrutting gean dan sil syn fraksje der yn'e takomst wol op réagearje. Dat der binnen it bedriuw in bedriuw ûntstiet moat tefoaren kommen wurde. Hy freget hoe't it kin dat de winstútkearing fan'e FRIGEM safolle leger is. Hy slút him oan by it fersyk fan'e V.V.D. oangeande de C.A.I. Mevrouw Van den Berg geeft de afdeling Financiën een compliment voor het feit dat de gemeenterekening 1990 nu al klaar is. Het saldo is, na verder lezen, in werkelijkheid maar 124.000, We mogen daarvoor heel blij zijn met de meevallers en de onderschrijdingen. Haar fractie verwacht dat de onderschrijdingen kritisch worden bekeken en dat het college er op toeziet dat de fikse overschrij dingen bij O.W.R.O. niet weer gebeuren. Als een budget niet toereikend is moet de raad om een extra krediet gevraagd worden. De opmerking in het accountantsrapport dat het treffen van op functiescheiding gebaseeerde controlemaatregelen bij de opzet van de administratieve organisatie van belang is moet de juiste plaats krijgen in het komende bestuursplan. Dat is van essentieel belang voor het financieel gezond worden en blijven. Wethâlder Bloem wol har graach oanslute by de kompliminten foar de ôfdieling Finânsjen. Se is ek wiis mei it feit dat de rekken sa ôfsluten wurde kin. 0124V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 8