-7- De rekken kin no as in behearsynstrumint brûkt wurde en dat hat wolris oars west. Wat de ôfdieling O.W.R.O. oanbelanget sil der oars omgien wurde mei de hichte fan'e kredyten. Mooglik kin O.W.R.O. troch hegere kredyten wat mear earmslach krije. Se fynt de suggestje fan de hear Bouma om in soarte tuskenbalâns te meitsjen hiel aardich. We binnen no ek al folie better op'e hichte fan'e ûntwikkelingen yn'e rinnende begrutting. Der binne yndied by de FRIGEM ofspraken makke oer út te fieren ynvestearingen wêrtroch de winstútkearing leger wurden is. Se fynt it gjin goed idee om it oerskot fan'e rekken te brûken foar it grûnbedriuw. Wethâlder Nieuwdam seit dat eltsenien it jild dat foar de C.A.I. oanjûn is wol oanlaket. De opmerkingen oangeande de ûnrendabele gebieten sil hy wol mei nimme. Hy sil ynkoarten yn in notysje yn'e tredde ôfdieling de saken oangeande de kabeloanslutingen úteinsette. Neist de mooglikheid om ûnrendabele gebieten oan te sluten bestiet der ek de mooglik- heid fan in lichte abonnementsferleging. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening over 1990 van het gemeentelijk grondbedrijf. De hear Veldstra sprekt út namme fan syn fraksje syn ferûntrês- ting út oer it grûnbedriuw. De soarch bliuwt. It foarstel fan'e accountant foar in nije organisaasjefoarm liket him goed ta. De hear Van der Baan fynt it tryst te konstatear jen dat de hjoeddeistige sitewaasje en dy nei de takomst ta der net sa best foarstiet. Neffens him binne der hyltiten kardinale flaters makke. Us eigen mooglikheden oangeande de ferkeap fan grûn binne swier oerskatten. Yn Boarnsterhim binne no 3 yndustryterreinen. Dat hâldt dan fansels wol in ûnderlinge konkurrinsje yn. We binne dus konkurrint fan ússels. Der moat dus hiel hoeden mei grutte oankeapen om grutte projekten te realisearjen omgien wurde. Der binne ek flaters makke by de ferkeap fan grûn. Op guon ferkeapen is wol oardel ton tajûn. Dan kin it net oars dan dat der nei ferlies tawurke wurdt. We moatte ús realisearje dat ús polsstok net sa lang is as wy tinke. Der moat sunich mei jild en grûn omgien wurde. Hy sit noch altiten mei de kater fan wat mei de brêge bard is dy't neffens sizzen foar skroat opskrean stie. Mar yn wurklikheid foar 185.000,op'e balans stie. Hy is kennelik fuortjûn. Hoe is soks mooglik sa freget hy him of. Wêrom is dizze brêge weijûn? Hy wol fan'e wethâlder hearre hoe't sy tinkt dat ditsoarte tekoarten tefoaren kommen wurde kinne. Hokfoar polityk wol se fiere ta it sûn meitsjen fan it grûnbedriuw. 0124V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 9