- 4 - Yn it stik Grou - Akkrum - Haskerdiken hoecht de gemeente net by te dragen yn'e kosten fan'e lûdsfoarsjenning en dat stiet yn skril kontrast mei wat hjir bart. Hy is der net fan ûndersteboppen dat Rykswettersteat seit dat hy al genôch ynvestearre hat troch it brûken fan it saneamde ZOAB. Hy sjocht it ZOAB mear as algemiene maatregel lykas jildt foar it stik Grou-Akkrum-Haskerdiken. It belied fan RW is der hjoeddedei ek op rjochte om wêr mooglik ZOAB ta te passen. Der sil op'e nij ûnderhannele wurde moatte mei RW. As it amtlik net slagget dan moat der bestjoerlik mear gewicht yn'e skaal lein wurde. Der kin wol sein wurde dat it bestimmingsplan RW 32 der earder wie as it bestimmingsplan Meinga mar der wie al direkt dúdlik wêr't de wentebou plakfine soe. De gemeente hat him altiten bot ynspand om it bestimmingsp lan RW 32 mooglik te meitsjen. It soe net reëel wêze de gemeente no alline foar de kosten opdraaie te litten no't it hiel oars útpakt as 4 jier lyn foarsjoen. Hy fynt it in te maklike stap om te sizzen dat de gemeente it wol betelje sil omt it wol helle wurde kin út Meinga. Tenearsten kin it sa wêze dat troch ynfloed fan it Bestjoersplan, de winst wol leger wêze kin. Hy fynt it boppedat wol rjochtfeardich dat der jild fan Meinga oerbliuwt, sjoen de posysje fan it grûnbedriuw en it belied om ek noch yn'e lytse doarpen te bouwen. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der yndertiid foar warskôge hat dat it bestimmingsplan Meinga gau fêststeld wurde moast. It feit dat it bestimmingsplan der net op'e tiid wie hat makke dat we no yn dizze sitewaasje ferkeare. De grutte haast dy't der no is fynt syn fraksje net ferantwurde. Der bliuwe allegear fragen lizzen. It algemiene belang sil steld wurde moatte boppe dat fan inkelde partikulieren dy't graach bouwe wolle Syn fraksje hat net de kâns hân de saak goed te besjen en sil dêrom tsjinstimme. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie van mening is dat er opnieuw met Rijkswaterstaat onderhandeld moet worden. De structuurvisie Meinga is in dezelfde periode als het wegtracé vastgesteld. RW heeft ook alle berekeningen voor de geluidsweren- de voorzieningen gemaakt. Het ZOAB is op het ogenblik een algemene maatregel van Rijkswa terstaat zoals ook al opgemerkt door de heer Veldstra. Met het kostenplaatje kan haar fractie niet instemmen. We zouden er heel gelukkig mee moeten zijn dat het grondbedrijf nu einde lijk eens kan profiteren van een voordeeltje. Haar fractie stelt voor het voorstel zeker nog een maand aan te houden De hear Oosterhof seit dat syn fraskje fan betinken is dat de lûdswâl der komme moat sadat de kavels yn elts gefal ferkocht wurde kinne. Neffens him moatte ZOAB en lûdswâl as ien gehiel besjoen wurde. Hy stiet wol achter fierder ûnderhanneljen mei Rykswettersteat Hy miende dat de gemeente alle grûn foar de lûdswâl al hat. Hoe sit dat krekt. NOTRAADOKT/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 18