- 4 - Haar fractie wil absoluut niet nu beslissen over het wel of niet aantrekken van een nieuw personeelslid omdat het bestuursplan nog niet is vastgesteld. Het kan bijvoorbeeld inhouden dat er ambtelijke uren vrijkomen zoals hier en daar in het concept-be stuursplan wordt aangegeven. Pas na 10 december kan bekeken worden of iemand uit de eigen organisatie met her- of bijscholing deze taak niet kan vervullen. Haar fractie wil nu niet over de financiën van onze burgers be slissen. Dat het college, nu van de burgers al offers worden gevraagd of zullen worden gevraagd, met een voorstel zonder enige financiële onderbouwing komt stelt haar fractie zeer teleur. Mefrou Veldstra freget hoe't de ried, no't der in konsept-best- joersplan leit dit belied ta sosjale fernijing fêststelle kin. Hoe wurdt it plan fan oanpak yn it bestjoersplan ynpast? Wat set de gemeente bygelyks tsjin de strange maatregels oangeande it frijskattingsbelied oer? Har fraksje mist yn'e gearstalling fan'e wurkgroep de handikapten. It handikaptenbelied moat der yn behelle wurde, sa stiet it yn it ferslach fan 5 novimber. Wêr bestiet dat dan út? Har fraksje is al jierren fan betinken dat der in spesjale brede kommisje foar it handikaptenbelied komme moat. Se is tige benijd nei de réaksje fan it kolleezje temear dêr't de P.v.d.A. oanjûn hat dat de handikapten ien fan'e doelgroepen fan'e sosjale fer nijing wêze moat. Sosjale fernijing wurdt ús oplein troch it Ryk. Wolle wy dy ferantwurdlikheid drage dan sille der ek de nedige finansjele middels tsjinoer stean moatte. It moat net sa wêze dat de jildmiddels allinne mar brûkt wurde foar de professionele stipe. Is dy professionele stipe in betin- gst fan it ryk en hoe djoer wurdt it eins? Moat der ferantwurding ôflein wurde oan it Ryk. Sosjale fernijing is mear as allinne in konvenant ôfslute, it is diedwurklik in belied fiere rjochte op ús boargers, de ôfstân tusken boargers en bestjoer lytser te meitsjen en de ûnderlinge relaasje te fersterkjen. Mefrou Santema seit dat it útstel oangeande sosjale fernijing ek har fraksje tige oansprekt. Se wol foaropstelle dat it net te rânstêdlik wurdt Der binne op it plattelân gâns sosjale netwurken dy't al tiden lang goed wurkje. It tsjil hoecht net hyltiten op'e nij útfûn te wurden en doarpsfernijing, lytse kearnen moatte yn it plan mei oparbeidzje. It is spitich dat der mar sa'n lyts budzjet is en fral dat it Ryk achterbleun is mei de brede jildstream. Professionele stipe set har fraksje dan ek in fraachteken by. Sjoch earst ris yn'e eigen organisaasje om immen dy't by- as weroplied wurde kin. In amtner kin neffens har hiel goed ûnôfhinklik wurkje. Utsein de eksterne professionele stipe kin sy it útstel stypje. Wethâlder Bloem hat mingde lûden út'e ried heard. It is tige wichtich om fral by de start safolle mooglik minsken út te noegjen en te belûken by it opstellen fan'e plannen. Geandewei sil dan wol dúdlik wurde hokfoar groep yn Boarnsterhim de sosjale fernijing drage sil. NOTRAAD.NOV/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 24