- 8 - Wethâlder Bloem seit dat it wat in drege saak wêze sil om it mindere ferlies takomme te litten oan'e boargers. De neijiernota is in soarte tuskenrekkening, oars wie it by de rekken dúdlik wurden hoe't it der foar stiet. As dit bedrach nei de boargers ta moatte soe dan soe dat ek foar oare meifallers jilde moatte. Foar in part sil it wol werom gean nei de boargers mar net troch in taryfswiziging. Tarieven wurde sa't bekind is fêststeld oan'e hân fan'e ferwachtings foar it kommende jier. Yn'e 3e ôfdieling fan moarn sil in taljochting jûn wurde op it ûntstien fan dizze meifaller. Foar in diel is de rinte fan oerstallige finansierings- middels tarekkene oan'e boekwearde brêge Rjochte Grou en de rânewei te Jirnsum (f 104.840,--). Dat is nedich omt de útfiering en ôfhanneling wat langer op him wachtsje lit. Oer de film kin se gjin ynformaasje jaan. De hear Breeuwsma fynt dochs dat de by te skriuwen bydragen by it kapitaal stean bliuwe moatte. It liket hiel moai, sa rekkenje as it kolleezje docht en jo hawwe samar in moai bedrach binnen mar hy tinkt dat dêr dochs hiel hoeden mei omgien wurde moat, om't leanen en priizen de léste tiid wer aardich oanhelje. It oanfoljende útstel is sa apart ta stân kommen dat hy fynt dat dat earst mar ris yn'e ôfdieling moat foardat de rie deroer beslút. Mefrou Santema is it mei dit léste iens. Wethâlder Bloem hat dochs sterk de yndruk dat de bystelling mei f 104.000,-- in goeden ien is. Se hat der gjin beswier tsjin om de oanfolling, nei in diskusje yn'e ôfdieling, yn'e folgjende ried te behanneljen. Wethâlder Nieuwdam seit dat yn'e 3e ôfdieling ek de mooglike effekten foar de begrutting 1992 besprutsen wurde sille. De voorzitter constateert dat het aanvullende voorstel 7 nu niet in stemming kan komen. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje tsjin in tafoeging oan'e reserve foar de útfiering fan it bestjoersplan is. Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. De fractie van het F.N.P. wordt geacht tegen het reserveren voor uitvoeren bestuursplan te hebben gestemd. 8. Voorstel tot het garanderen van een geldlening groot f 75.000,--. De hear Veldstra freget oft it buske wol all-risk fersekere is. Is dat ek yn'e algemiene betingsten opnommen. Wethâlder Bloem fynt ek dat it buske goed fersekere wêze moat. Se giet der fanút dat dat ek wol it gefal is. Yn it oare gefal sil sy derop tasjen dat dat wol bard. Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. NOTRAAD.NOV/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 28