-17- De F.N.P.-fraksje hat earder oanjûn dat dèr. in sa breed mooglike útwurking fan it VMA-rapport komme moast dêr't alle fraksjes ta bydrage moasten. De suggestje is net folge. Ek is der net yngien op ús idee om de kommende twa jier in kolleezje gear te stallen dêr't alle partijen harren yn fine kinne en dat neffens it harmony-model de plannen útwurket. Yn de sitewaasje fan no soe it kolleezje de portefúljes beskikber stelle moatte neffens ús om sadwaande de mooglikheid te iepenjen ta in oare gearstalling fan it kolleezje. De folslein feroare machtsferhâlding nei in lange perioade fan in P.v.d.A.-mearderheid yn'e rie meitsje soks mooglik mar ek winsklik omdat de P.v.d.A. net langer foldwaande bestjoerskrêft ûntwikkelet om ús gemeente nije perspektiven te bieden. It hat gjin doel om de lange rige fan mislearrings fan it óf rune skoft te neamen. Elts kin it alle dagen hast yn de krante léze wylst ek noch altyd de Lij te as in swiere tongerbui, dy't noch lang net útraasd is, boppe de gemeente hinget. It riedslid dat polityk de ferantwurdlikens op him naam foar dy útwurking en begelieding bleau sitten en naam net de politike konsekwinsjes fan syn hanneljen. Soks ûndergraaft de polityk mear as de gemeente ferneare kin. Wy neame dy saken foarsitter omdat wy yn fieren ús soargen meitsje en omdat wy fine dat wy in yn ús eagen needsaaklike oplossing fine wolle. De F.N.P.-fraksje kin him net fine yn de nije organisaasjestruktuer Sa'n lytse gemeente hat gjin ferlet fan 2 stêf- en 3 haadófdielings. Mei 3 direkteuren hie it wol takinnen. Sa hiene wy in portefúlje- ferdieling krije kinnen dy't op de haadófdielings ófstimd wie en hiene wy mei 2 wethalders ta kinnen. In goede oplossing om jild út te sunigjen en in dudlike en werkenbere struktuer hie flinke winst opsmiten. Dat de ried yn dizze kwestje buten spul stiet is in streekrjocht gefolch fan it delegearen fan it foech nei it kolleezje ta. At yn maart de mandatearring opnij oan de oarder komt moat de ried him noch mar ris goed efter it ear klauwe want troch it ferlienen fan mandaten set de ried harsels op dy terreinen buten spul. Not it best joersplan fersmiten is is de behanneling fan de begrutting in ófspegeling fan de eardere begrutting dus sûnder in heldere fyzje. It hat gjin doel yn sokke sitewaasjes om alles yn finnesses nei te gean omdat in kader datoangeande ûntbrekt. Wy kinne allinne mar konstatearje dat de begrutting op papier krapoan slút. Ear't der aanst wer oer ferheging fan lesten praat wurdt soe der ris in balans opmakke wurde moatte fan it jild dat wy kwytreitsje troch ferkearde ynskattings en oare misslagen. Foar de ried soe it ferhel- derjend wurkje at it kolleezje datoangeande mei sa'n oersjoch komme soe 0126V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 20