-18- De twivelridigens fan it kolleezje oangeande De Twine duorret fiersten te lang. Lykwols bliuwt it frjemd dat P.v.d.A. en V.V.D. dy't yn't earsten de oplossing fan it probleem yn de privatisearring sochten no ynienen wat oars foarsteane. It tsjut yn alle gefallen net op in konsistinte en adekwate oplossingstaktyk. It ûnderstreket it swalkjende belied fan de beide partijen. De mearjierrenbegrutting sil oanpast wurde moatte no't it bestjoers- plan der yn earsten net komt. Dat de wegen dan minder ûnderhâld krije sil dochs nije problemen jaan. Oan it kolleezje hat de F.N.P.-fraksje yn juny fan dit jier frege om wat ynsjoch te jaan fan de ûnderssykrisseltaten oangeande de wize wêrop de amtners de organisaasje belibje. It wie spitich dat wy fernimme moasten dat it healjierlikse "audit" net hâlden wie omdat no net dúdlik makke wurde koe yn hoefier't de organisaasje ferbettere is. Wy achtsje it fan it grutste belang dat der sa gau mooglik rapportaazje datoangeande oan de ried dien wurdt. Wat it miljeubelied oanbelanget kin it kolleezje op ús stipe rekkenje omdat wy soks by foarrang behandelje wolle. Us âlde winsk it oanpassen fan de bestimmingsplannen komt aardich skot yn en soks jout de dúdlike kaders foar in ferantwurde planning dêr't en amtners en ek boargers mei út de fuotten kinne. De ferheging fan de fearjilden rint foarút op it beliedsplan. Wy achtsje soks bestjoerlik net korrekt. Boppedat soe de bewenners fan de Bird tasein wêze dat der gjin feroarings yn de fearjilden plakfine soene salang't der gjin beslút oer de Bird nommen is. Yn dat gefal heart de oerheid him oan dy ôfspraken te halden. De F.N.P.-fraksje hat nea de privatisearring fan it grienbehear foarstien. No't it lykwols dy kant al opgiet dan fine wy dat soks folslein moat omdat dan de ferantwurdlikens foar dat behear dúdlik op ien plak leit. Twaslachtigens datoangeande liedt ta ûntroch- sichtich belied. Wurdearring hawwe wy foar de reinigingstsjinst dêr't in goede gearwurking tusken befolking en oerheid fûn is. Wy soene wolle dat de wurdearring op mear terreinen sa dúdlik te merkbiten wie. Wichtich is dat der ek yn ús gemeente wol it ien en oar ta stân komme kin, at de oanjûne lijn mar dúdlik is. Dochs soene wy wolle dat de tsjinstferliening ferbettere wurde koe troch it oanbieden fan de ôffal op de Blikpôle op mear oeren en dagen mooglik te meitsjen. Datselde soe ek jilde moatte foar de iepeningstiden fan it gemeentekantoar De koarte iepeningstiden meitsje it foar in protte lju tige lêstich in gaadlik momint te finen nei it kantoar te kommen. Oangeande de offalstoffenheffing soene wy wolle dat op dat punt it profytbegjinsel jilde soe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 21