-19- De plannen oangeande de iepenloftrekreaasje sille wy mei belangstelling folgje. Oangeande Terherne hawwe wy wat minder moed as it kolleezje. No't oer de opbringst fan it rekreaasjeoard Yn'e Lijte noch neat fêstleit, it sil no wol ris tiid wurde tinkt ús, sille wy op syn bést wat lytsere projekten opstarte kinne. De F.N.P.-fraksje fynt soks gjin ferkearde kar omdat wy yn't foarste plak de eigen bewenners gerieve moatte en dy hawwe gjin ferlet fan grutskalige projekten. Yn dit ramt soe de útfiering fan it Lyts Farwegenplan direkt oanpakt wurde moatte. Kei ús betinken sil it kolleezje yngeand it plan Snoekc bestudearje moatte omdat dat plan it iennige plan liket dat foar de needsaak- like ûntjouwing yn it gebiet om Grou hinne in ferantwurde basis hat op rekreatyf mêd. Yn datselde kader past ek in opwurdearring fan it museumbelied dat direkt in positive ynfloed ha kin op de kwaliteit fan it toerisme dat him yn ús gemeente better op kultuertoerisme as op massatoerisme talizze kin. Om deselde reden soene wy ek it belied Frysk wer út de iiskast helje moatte omdat it fersterkjen fan de besteande âlde Fryske struktuer ek foar de toerist in helder en nijsgjirrich byld op ropt fan eat dat wat oars as oars is. De drift om jin te ûnderskieden is in libbensdrift, de kulturiele ienheidsdrift fan no liedt foar ús gemeente ta de dea. De tasizzing fan it kolleezje oangeande it rampenplan is te dizenich. De sosjale fernijing hat neffens ús idee noch net it folsleine draachflak by de befolking. It soe neffens it kolleezje in foarm fan bestjoerlike fernijing wêze moatte en dêrom liket it ús fan belang om yn'e foarste plak de fernijing as "leitmotief" binnen it amtlik apparaat del te lizzen. Wy stimme der mei yn dat alle mooglikheden dy't wy as gemeente hawwe om de wurkleazens te bestriden oppakt wurde. Dat mear as ea de opfang fan asylsikers grutte oandacht hawwe moat sprekt foar him. Ek al keart in bepaalde kategory him tsjin dat belied, de F.N.P. hâldt fol dat in adekwate en krekte opfang fan flechtlingen in weardefol aspekt yn ús maatskippij foarmet en dat de beskaving fan in folk mei beskaat wurdt fan de wize sa't wy soks oplosse. Mei dizze skôging hopet ús fraksje in bydrage levere te hawwen oan de diskusje foar de begrutting. De amtners wolle wy tank sizze foar harren help en ynset fan it ôfrûne jier. It kolleezje winskje wy foar de kommende tiid in protte wiisdom yn dizze swiere tiid. As neigesetsje it folgjende. Dat der yn de hiele oanbiedingsbrief gjin inkeld Frysk wurd mear te finen is foarsitter, moat neamd wurde omdat noch gjin 6 jier lyn Boarnsterhim mei foarop run yn it belied Frysk. It jout opnij oan dat it belied swabberjend, swalkjend en net konsistint is. Soe it dêrom wêze dat ús boargers sa erchtinkend wurden binne tsjin it bestjoer oer? De P.T.T. liket aanst foar de gemeente Boarnsterhim út te rinnen. Hoe kin't sa mâl dochs en oer de nammeferoaring wolle wy gjin wurd kwytHat it kolleezje wier neat betters te dwaan? A 1 CT7 in

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 22