-23- De hear Renia seit dat krekt it feit dat syn fraksje nee sein hat tsjin it bestjoersplan de oanlieding west hat om no te kommen mei dy dingen dêr't neffens him oerienstimming oer bestiet. Dat is yn it foarste plak it reparearjend belied. De foarsitter hat yn syn réaksje oan'e brede strategyske fisy ek de wurkgelegenheid keppele en dat is neffens him terjochte. De strategyske fisy moat in ûnderdiel wêze fan it totale wurkgelegenheidsbelied wêrby ek lânbou en yndustry in rol spylje moatte. Mar dat is dan wol wer rjochte op ien part fan'e trije slach: Wenjen, Wurkjen en Rekrearjen. De fisy fan syn fraksje foar de takomst hat fral it wenjen as útgongspunt. Gelokkich sil de ynbring fan'e ried meinommen wurde by it opstellen fan'e nije fisy. Hy hat yn syn petear omtinken frege foar de sosjale fernijing en de doarpsfernijing. Mei it útstel oangeande de brânwar giet syn fraksje akkoart. Fierder oerlis mei alle groepearrings sa't it kolleezje dat no ek wol stiet hy achter lykas mei it feit dat de jachthavens net ferkocht wurde sille. Syn fraksje wol noch mear dúdlikheid fan it kolleezje oer it kuierpaad. Fanút de stellingname yn'e 4e ôfdieling seit hy dat it kuierpaad der komme moat. Ofrûne maitiid hat it kolleezje tasein te besykjen it platfoarm foar it Frysk fan'e grûn te krijen. Hy hat der oant no ta net folie fan fernaam. Fierders is doe ek sein dat der yn'e le ôfdieling ris praat wurde soe oer wêr de gemeente it Frysk brüke kin. Heffens him hat ek dat net plakfûn. Syn fraksje fynt ek dat der op koarte termyn in oplossing komme moat foar de sporthal. Hy wol derby noch sizze dat syn fraksje nea de dtspraak dien hat dat de sporthal privatisearre wurde moatte soe. De hear Breeuwsma is bliid mei de dtspraak fan it kolleezje oangeande de brânwar fan Raerd. Hy hat lykwols noch net heard dat der 3 brânwarkorpsen bestean bliuwe moatte. Hy krige de yndruk dat it de bedoeling is dat meielkoar wurke wurdt oan it bystellen fan it bestjoersplan. Mei de klam op: meielkoar. Hoewolt hy leaver hat dat eat struktureel ynfold wurdt kin hy der dochs wol achter stean dat it kuierpaad oanpakt wurdt no't it kin. Syn fraksje fynt dochs wol dat it kolleezjewurkprogram werskreaun wurde moat. De romte fan 1,5 miljoen dy't der fûn wurde soe is der net omt it bestjoersplan fan'e tafel reage is. Hokfoar wichtige eleminten fan finansjele aard binne dan wol ta útfiering kaam? Hy hat se net fine kind. Hy hat hiel faak fan minsken heard dat it ferskriklik lang duorret foardat men bygelyks in bouterrein krije kin. Ek bedriuwen ûnderfine dat. Jou de minsken in stoel, in bakje kofje en faaks in sigaar en lit harren fiele dat se wolkom binne en dat der fan alles dien wurdt om it harren nei it sin te meitsjen. As goed foarbyld neamt hy de gemeente Skarsterlân. Hy hat oars net neamd as de tariven fan de û.g.-belêsting dy't de heechste fan'e regio binne, útsein de gemeente Ljouwert. De trije heechsten dêrnei binne Boarnsterhim 15,en 0,61), Franekera- deel 15,en 0,35) en Littenseradiel 14,en 0,15). Hy fynt dat der in soad tiid en jild bestege wurdt oan plannen lykas De Burd. 0126V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 26