-24- Der is in protte ûnrêst ûnder de minsken. En in skoftsje letter docht bliken dat it allegear wer oars wurdt. In protte wurk fergees dien en in protte jild fuort. Hy hat dêr grutte beswieren tsjin. De hear Van der Baan fynt it in goede saak dat neist de toeristyske ek de oare sektoren omtinken krije sille yn it bestjoersplan. Us gemeente hat fan iere tiiden óf in agraryske struktuer hân. Hjoeddedei is dat noch sa, der wurkje mar leafst 450 minsken yn in agrarysk bedriuw. We moatte besykje dat fêst te hâlden. Hy tinkt dat it toerisme op't heden in bytsje de waan fan'e dei is. It toerisme kin Fryslân nea biede wat de lânbou dien hat. Yn dat ferbên soe ek noch ris goed neitocht wurde moatte oer De Burd wêryn dochs mooglikheden binne yn'e agraryske sektor yn kombinaasje mei de toeristyske sektor. Mei dat it kolleezje stelt dat der fan syn kant gjin útstellen oangeande it reparearjend belied te ferwachtsjen binne is de krisis neffens him kompleet. Hy fynt dat der wol útstellen komme moatte soene sadat der mear perspektyf komt ek nei de ried ta of it kolleezje soe de konsekwinsje lûke moatte út wat der oant no ta bard is. Hy tinkt dat der rom tiid foar it nije bestjoersplan nommen wurde moat oars sille der likegoed wer deselde problemen komme. Wat it kuierpaad oanbelanget moat der tapakt wurde no't it kin. It kostet net folie, dus dat dêr sa dreech oer dien wurdt begrypt hy alhiel net. As it in protte jild kostet is it joechhei en kinne we in kear foardielich dan wolle we net. De opmerking oer it plan Snoekc hat hy gjin antwurd op krigen. Hy fynt dat de foarsitter him der maklik fan ôfmakket as hy seit dat it it karakter fan it iepenbier bestjoer is hoe't guon plannen nei buten komme. De plannen yn Boarnsterhim feroarje hyltiten, se binne net goed úttocht en te oerdwylks. Dêrtroch komt ús gemeente negatyf yn it nijs. Hy hat noch altyt argewaasje oer it feit dat noch net sa lang lyn yn 6 wike besluten is ta de oanlis fan it yndustryterrein yn Grou. Plannen moatte yn alle rest makke en fan alle kanten besjoen wurde. We hoege net te "scoren", rest yn dit hûs dêr hawwe we ferlet fan. Oer de asylsikers hat hy in opmerking yn syn algemienens makke, net nei it kolleezje ta. Hy heart ek yn Boarnsterhim wol lûden dêr't hy fan skrikt. Dêrom hat de F.N.P. noch ris dúdlik syn stânpunt nei buten bringe wold. Wat it Frysk oanbelanget fynt hy it antwurd tige ûnbefredigjend. It Frysk sil it nea réde as ek net de oerheid, de gemeente in inisjerende rol dêryn spilet. It is fan it grutste belang dat de rie op'e hichte is fan wat der yn it amtlik apparaat libbet. Dêrom stiet hy der op oan dat der ynkoarten wer in audit hélden wurde sil. Oer it grienbehear en de útwreiding fan'e tsjinstferliening (gemeentekantoar, Blikpôle) hat hy de foarsitter noch net heard. De voorzitter zegt dat er de raad gehoord hebbende, dat er nu aanleiding is om in het college te praten over hoe bepaalde zaken op tafel kunnen komen. Hij wil op korte termijn in de le afdeling spreken over het beleid Frysk in de zin zoals door de heer Renia bedoeld. Er is al wel met andere gemeenten en de provincie gepraat maar dat heeft geen resultaat opgeleverd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 27