Yn ien fan'e lâste ôfdielingsgearkomsten is dúdlik makke hoe't der no omgien wurde sil mei de bysûndere bystân. Se ferwachtet ek wol dat as der mear bekendheid oanjün wurdt ek hyltiten mear minsken der gebrûk fan meitsje sille. Foar it frijskattingsbelied hat it regear regels steld dy't tige soarchlik binne, mar spitigernôch kinne wy dér net folie oan dwaan Voorsteltothfitbeschikbaar stellen van een krediet van f 220.000,ten behoeve van de uitvoering van het voorgenomen milieubeleid in het kader van reparerend beleid bestuursplan. De hear Van der Baan tinkt dat dit net in ûnderdiel wêze kin fan it bestjoersplan omt dat der ommers net is. De hear Breeuwsma fynt net dat it ûntwerp-bestjoersplan hjirby neamd hoecht te wurden omt dit útstel op in oar budzjet slacht. De oanhef fan dit útstel is dan ek net sa gelokkich keazen. Wethâlder Nieuwdam seit dat oangeande miljeusaken hyltiten praat is oer reparearjend belied dat yn relaasje brocht is mei it bestjoersplan. Fêst stiet dat de realissearing fan'e B.U.G.M.-taken foarútskood is. Hy kin him lykwols wol wat foarstelle by de opmerkings dy't makke binne. Haadsaak foar him is dat de ried him útsprekt foar dizze "inhaalslag" dy't breanedich is. De hear Van der Baan wol graach witte oft it kolleezje dit beskôget as diel fan it konsept-bestjoersplan. As dat sa is dan sil hy tsjinstimme. Mevrouw Van den Berg zegt dat het college er maar simpel vanuit gaat dat de begroting voor 1992 noch wel ruimte heeft. Het is onvoorstelbaar wat hier gebeurt. Met deze 220.000,houdt alles wat het milieu betreft op. Geen N.M.P. of N.M.P.maar alles afgeblazen. Weg speerpunt- beleid. Wethâlder Nieuwdam seit dat ek as der gjin konsept-bestjoersplan wie de needsaak om de B.U.G.M.-taken út te fieren der wol is. Der is op dit stuit net de mooglikheid om de saken oangeande it N.M.P. te behanneljen, mar foar him hâldt dat net yn dat it doek al fallen is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel met betrekking tot diverse belastingen en retributies voor het iaar 1992. Mefrou De Boer seit dat har fraksje yn syn algemienens sizze kin dat it swak is dat der wol ferhegingen trochfierd wurde mar dat net sein wurde kin wêr't dat foar nedich is útsein fansels de 6ffalstoffenheffing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 36