-33- Omt it bestjoersplan dtelkoar lutsen is kin net alles meinommen wurde. As al dizze ferhegingen genôch jild opsmite sil dat jild wol reservearre wurde foar de plannen dy't der oankomme. Zt moat har fan it hert dat it útstel oer de ôffalstoffen- heffing ûndúdlik redigearre is. Se soe graach wolle dat de amtners rekken halde mei de minder betûfte lezers. De útwurking fan wat yn juny yn'e ofdieling ynsake de differensearre tariven besprutsen is is goed. Har fraksje wol wol hanthavenje dat de pontjilden mei 5% omheech geane. Oer de oare konsekwinsjes soe noch wol mei de ferskate groepearrings praten wurde moatte. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie niet voor een 3% verhoging van de o.g.b. is. Die verhoging zou 108.000, opleveren. Haar fractie wil graag dat dat bedrag gedekt wordt uit het een paar maanden eerder innen van de belasting en anders uit de perceptiekosten. Haar fractie wil dat de veergelden nog eens opnieuw bekeken worden. Dat een auto met inzittenden 16,zou moeten betalen kan natuurlijk niet. Ze is van mening dat het verschil tussen één- en meerpersoons- huishoudens voor de afvalstoffenheffing niet groter moet worden, met behoud van het huidige systeem. Een ieder heeft namelijk het recht naar eigen believen een hoeveelheid afval bij de weg te zetten. De hear Van der Baan seit dat de útstellen min of te mear foarútrinne op it bestjoersplan. Hy fynt dat as der al wat fan komt dat dan mar yn'e nije begrutting ferwurke wurde moat. Yn'e ferheging fan'e ôffalstoffenheffing kin syn fraksje him fine, yn de rest net. Hy wol benammen wize op'e rioalrjochten dy't de kommende 10 jier alle jierren mei 10% omheech geane. Nei 10 jier betsjut dat dat der 246% betelle wurdt fan it hjoeddeistige taryf. Ditsoarte útstellen begrypt hy alhie.1 net. It kolleezje wol oangeande it fearjild it profytbegjinsel folgje. De pont is in ûnderdiel fan'e wegenstruktuer yn ús gemeente. De gefolgen foar de gebrûkers binne sa grut dat syn fraksje tsjin de ferheging is. Mefrou Santema is bliid dat yn'e offalstoffenheffing no in differinsjaasje oanbrocht is. It ferskil tusken ien- en mearpersoanshúshâldings moat neffens har net fierder oprinne. Sy is persoanlik tsjin de ferheging fan'e û.g.b., de rest fan har fraksje kin der wol mei ynstimme. Se fynt dat der konkreet wat dien wurde moat mei it jild fan'e hûnebelesting. Soe der ris yn'e ofdieling oer praat wurde kinne. Mei de 5% ferheging fan'e fearjilden kin har fraksje ynstimme omt der alhiel lang gjin ferheging fan'e tariven west hat. De Burd is oangeande de ierdgasfoars jenning ek gjin super ûnrendabel gebied mear. 0126V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 37