-38- De hear Oosterhof tinkt dat de termyn fan 5 jier wol ris te koart wêze kin om jild fan'e bank te krijen. Hy tinkt dat by it ferlienen fan it rjocht fan opstal foar in bepaalde termyn wol de betingst opnommen wurde moat dat it gebou nei ôfrin fan'e termyn net foar boekwearde oernommen hoecht te wurden. Oars kin better it erfpachtrjocht nommen wurde. De hear Breeuwsma tinkt dat it rjocht fan opstal altiten in wat wankel rjocht is. Hy is it der wol mei iens dat it rjocht ûnder foarbehâld steld wurdt. Op in termyn fan 5 jier is neffens him gjin finansiering te krijen. Hy stelt út om it rjocht fan opstal sa te ferlienen dat it opsisber is. Wethâlder Bloem is bang dat mei it ferlienen fan rjocht fan opstal únder bepaalde betingsten de sekerheid, dy't nedich is foar de finansiering ûnderúthelle wurdt. It kolleezje is it mei de Stichting Kinderopvang iens dat it hjir wol giet om in gemeentlik belang. Se kin net sa goed ynskatte yn hoefiere de belangen meielkoar te ferienigjen binne sünder dat de mooglikheden ta finansiering yn gefaar brocht wurde. Se tinkt dat it goed is om dêr noch wolris nei te sjen. De hear Oosterhof kin wol ynstimme mei it rjocht fan opstal mar dan sünder de ferplichting de saak weromkeapje te moatten nei it ofrinnen fan de termyn. Hy soe dan leaver kieze foar it erfpachtsrjocht. De hear Van der Baan wol dat de garânsje kreëart wurdt dat der altyd, as it wêze moat, beskikt wurde kin oer de grûn. Hy fynt wol dat de ried yn dizze sitewaasje aardich foar't blok setten is en dat it mooglik ek noch in protte jild kostje sil. Hy wol dat it útwurke plan as it klear is noch wol oan'e ried foarlein wurdt. De hear Breeuwsma seit dat it der om giet dat de gemeente, no net syn grûn útjaan moat dy't hy letter miskien wer nedich hat. De gemeente moat as it nedich is de grûn tsjin in fergoeding werom krije kinne. Dat moat fêstlein wurde by it rjocht fan opstal. Wethâlder Bloem seit dat sa't de hear Breeuwsma it ferwurde hat it ferwurke wurde sil. De útkomst dêrfan sil foar de kommende ried by de stikken op besjen lizze. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Oosterhof wil geacht worden te hebben tegengestemd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 42